Lemster Kozakkekoar

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Lemster Kozakkekoar
Lemster Kozakkekoar (2004) yn de stêd Sleat

It Lemster Kozakkekoar is in kozakkekoar dat ûnderdiel is fan Muzyk- en Sjongferiening 'Excelsior' op De Lemmer. It koar ûntstie yn jannewaris 1991 by it jierlikse konsert fan de feriening. Under lieding fan Sjoerd Tolsma waard doe in medley spile fan Russyske lieten dat der tige yn foel.

It koar bestie earst út in 30 manlju, yn 2008 binne it 21. It koar krige yn 2004 nije kostúms, de bûntmûtsen binne makke fan âlde bûntjassen. Troch konneksjes dy't yn Ruslân komme wurdt lûdsopnames en bledmuzyk meinomd nei De Lemmer. It binne meast liturgyske otterdokse lieten, oanfold mei folkslieten. Der binne plannen om mear Oekraynske lieten op it repertoire te setten.

Dirigint Sjoerd Tolsma fan Wânswert hie earder 2 jier Russyske les hân. Hy folge de Muzyk Pedagogyske Akademy, die in tromboanestúdzje oan it konservatoarium en folge in sjongoplieding.

It koar treedt heechút 10 kear yn 't jier op. Ien fan de hichtepunten wie in optreden yn de Oosterpoort fan Grins.

Yn 1998 waard yn it herfoarme tsjerkje fan Easthim. De twadde CD is opnomd yn de grifformearde tsjerke fan De Lemmer. Dit kear ûnder lieding fan dirigint Sergé Latichev. Sûnt 2006 is Alexej Románov de dirigint.
Sûnt 2008 is Bob Bekema fan Boalsert dirigint fan LKK datyn 2009 út 22 leden bestiet. Hy is tagelyk dirigint fan it mingd koar en fan de harmony fan 'Excelsior'. Troch de jierren hinne waard LKK begelaat op de bajan (Foppe Jacobien) en akkordeon (Wilma de Wolf). It wurdt no dien troch akkordeonist Klaas Nijp.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]