Laurence Sterne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Laurence Sterne (1713-1768)
Skildere fan Joshua Reynolds

Laurence Sterne (Clonmel (Tipperary, Ierlân), 24 novimber 1713 - Londen, 18 maart 1768) wie in Ingelsk-Iersk romanskriuwer en Anglikaansk geastlike, fral ferneamd fan syn romans The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman en A Sentimental Journey Through France and Italy, mar hy publisearre ek in soad preken, skreau syn memoires en wie belutsen by lokale polityk. Sterne stoar yn LOnden nei jierren fan striid tsjin tuberkuloaze.

Twa grutte werken[bewurkje seksje | edit source]

Sternes ferneamdste wurk is Tristram Shandy dat yn 9 dielen ferskynde tusken 1759 en 1767. It boek wie fuortendaliks in súkses en festige Sterne syn namme yn literêre en societyfermiddens.

1768 ferskynde it ek súksesfolle reis- en avontuereferhaal A Sentimental Journey Through France and Italy. De titel fan dat boek late ta it ûntstean fan de term sentimintalisme, in literêre streaming in de preromantyk.

Sternes ferneamdens wie foar it grutste part te tankjen oan dy twa boeken. Dat hie fan gefolgen dat ek oar wurk fan him mear omtinken krige. Nettsjinsteande syn frijwat lyts oeuvre moat syn ynfloed op de ûntjouwing fan de Ingelske enek Jeropeeske romankeunst net ûnderskat wurde. Benammen syn technyk fan skriuwen yn 'Tristram Shandy' wie in foarrinner fan de lettere 'stream of consciousness', sa't dy útwurke waard troch James Joyce yn syn boek Ulysses.

Oar wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Sermons of Mr. Yorick (preken fan Sterne yn 7 dielen, ferskynd tusken 1760 en 1769
  • Journal to Eliza (yn de 19e ieu ûntdutsen, no bekend ûnder de titel Bramine's Journal)
  • History of a watchcoat (1769; in ferzje fan A Political Romance)
  • Letters of Yorick to Eliza (1775 - 1779)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]