Larry Titus van Wieren
Larry van Wieren | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Larry Titus van Wieren | |
bynamme | De Snor | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Kanadeesk | |
bertedatum | 3 maaie 1951 | |
berteplak | Boalsert | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 1.80 m | |
gewicht | 82 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Iishockey | |
O.S. | Lake Placid 1980 | |
debút | 1971 | |
karriêre-ein | 1985 |
Larry Titus van Wieren, ek Larry van Wieren, (bynamme De Snor) (Boalsert, 3 maaie 1951) is in Nederlânsk-Kanadeesk iishockeyer, dy't 9 jier spile foar iishockeyklup It Hearrenfean, 102 kear spile foar de Nederlânske iishockeyploech en dêryn 29 kear (59 assists) skoarde.
De oanfaller emigrearre op jonge leeftiid mei syn âlden nei Edmonton, Kanada, mar kaam begjin jierren santich werom nei Fryslân, benammen om syn pake en beppe te sjen. Van Wieren kaam yn kontakt mei it Nederlânske iishockey en spile efterinoar foar De Haach (3 jier), Utert (1 jier) en It Hearrenfean (9 jier).
By It Hearrenfean, offisjeel de Feenstra Flyers neamd, fierde Van Wieren syn grutste súksessen. Dêr waard hy ek yn syn twadde seizoen (1976-1977) beneamd ta spiler-coach. Mei kollega-ynternationals Jan Janssen en Jack de Heer foarme hy in ferneamde oanfalsliny.
Van Wieren stie oan de basis fan de promoasje yn 1979 nei de A-poule, en de dêrmei gearhingjende dielname oan de Olympyske Winterspullen fan Lake Placid (1980), dêr't de Nederlânske iishockeyploech as njoggende einige. Hy besluet syn aktive iishockeykarriêre nei ôfrin fan it seizoen 1984-1985, gie werom nei Kanada, oant de destiidske foarsitter fan it Nederlânske Iishockey Bûn (NIJB), Sjoerd Feenstra, him twa jier letter oerhelle yn tsjinst te kommen by it bûn.
Uteinlik wie Van Wieren seis jier (1988-1994) ferbûn oan it bûn, earst as technysk manager en letter as bûnscoach. Hy naam ôfskied mei it seisde plak by it wrâldkampioenskip iishockey foar B-lannen yn Denemark. Yn Kanada wurket Van Wieren tsjintwurdich as projektûntwikkeler.
De Larry van Wieren Cup is nei him ferneamd. Dat toernoai is in Nederlânske iishockeykompetysje organisearre troch it nasjonale iishockeybûn NIJB. It toernoai wurdt spile troch earedifyzjeklups dy't útskeakele binne foar de play-offs om it lânskampioenskip en de bêste teams út de earste difyzje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|