Springe nei ynhâld

Lingtemjitte

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Langtemjitte)

Lingte is ien fan de ôfmjittings fan in objekt. Yn it gefal fan in iendiminsjonaal objekt, lykas in linestik of in tou, is it ek de ienige ôfmjitting. Foar twadiminsjonale objekten, dy't min ofte mear as rjochthoekich beskôge wurde kinne, is de lingte trochgeans de grutste fan de beide ôfmjittings. Ek foar trijediminsionale objekten, dy't min ofte mear blokfoarmich binne, is de lingte trochgeans de grutste fan de trije ôfmjittings (neist breedte en hichte).

Neffens de relativiteitsteory is lingte in relatyf begrip: itselde objekt kin foar ferschillende waarnimmers in ferskillende lingte hawwe.

Hantearre lingtematen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lingte wurdt metten yn ferschillende ienheden. Wrâldwiid wurde de ienheden fan it metrike stelsel it measte brûkt. Dat binne fan grut nei lyts ûnder oare de kilometer, hektometer, dekameter, meter, desimeter, sintimeter en milimeter.

Yn mar in pear lannen wurdt it ymperiale stelsel hantearre, lykas de milen, fuotten, yards, inches en oare.

Alde lingtematen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn âlde kultueren waarden oare lingtematen brûkt as it ymperiale en metrike stelsel. Yn Nederlân brûkten se eartiids û.o. de jellen en tomme as lingtemaat. De Kelten en Germanen hienen de Woedensspanne as lingtemaat. De Romeinen brûkten de myl op mylpeallen om de ôfstân oan te tsjutten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]