Tomme (lingtemjitte)
Appearance
(Trochferwiisd fan Tomme (lingtemaat))
De Tomme is in âlde Nederlânske lingtemjitte dy't sawat lyk is oan de breedte fan it boppeste tommelid fan in folwoeksen man. In tomme hat, ôfhinklik fan de streek in oare lingte:
- Amsterdamske tomme is 2,57393636 sm (11 Amsterdamske tomme is 1 Amsterdamske foet)
- Frânske tomme is 2,7 sm
- Gelderske of Nymweechske tomme is 2,7 sm
- Hondsbosse en Rypske tomme is 2,4 sm
- Rynlânske tomme is 2,61 sm
By de ynfiering fan it Nederlânsk metryk stelsel yn 1820 waard de tomme lyk steld oan ien sintimeter, marr yn 1870 waard de tomme ôfskaft.
In tomme komt tsjintwurdich oerien mei in Ingelske inch (2,54 sm). Yn de technyk wurdt de tomme noch wolris ynformeel brûkt, men sprekt dan bygelyks fan in trijetomsk piip.
In oar oerbliuwsel is it wurd tomstôk.