Lange Rak

Ut Wikipedy

It Lange Rak wie in skipfeart, mar is sûnt 1955 in ôfwetteringskanaal yn de gemeente Opsterlân. De feart rûn fan it stee dêr't it âlde suvelfabryk fan De Tynje stiet, tusken de Warrewei en de Riperwei, op de Nije Feart by de Ulesprong ta.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant ±1620 ta wie it Lange Rak in lange sydrivier, dy't dwers troch de mieddens kringele, en by Easterboarn de Boarn ynstreamde.

Nei't de jonkers fan Dekema it earst besocht hienen, lieten om 1650 hinne de Hearen Kompanjons dit wetter slatte ta in befarbere rjochte feart. Sa'n rjocht ein feart tusken twa bochten yn hjit in rak, yn dit gefal it Lange Rak. Yn 1852 waard de Nije Feart by de Ulesprong heaks troch dit rak hinne dold. De hichteferskillen waarden dêr heind mei in set fan trije slûzen.

De feart fan de Hearen Kompanjons wie al by de Wispel begûn, dêr't no it swimbad leit. Dat earste rak hie ek in (part fan) in rivier west. Dy sydriver kaam út op de Wispel en it Moedjip. Dat wetter hiet de Lúkster tynje. Dêrom krige de earste 800 meter fan de saneamde Hearrenfeart de namme Tynjerak.

De dwersferbining fan it Tynjerak nei it Langerak waard fansels ek in rak: it Skitersrak. Yn 1955 binne it Tynjerak en it Skitersra tichtsmiten. No leit dêr de rûnwei mei as namme De Rakken. It Langerak hjit noch lyksa mar it is no neat mear as in ôfwetteringskanaal.