Laetitia Casta

Ut Wikipedy
Laetitia Casta yn 2005
Laetitia Casta yn 1999

Laetitia Maria Laure Casta (Pont-Audemer, 11 maaie 1978) is in Frânske aktrise en supermodel.

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Casta waard berne yn Pont-Audemer, Normandje. Casta har mem, Line Blin, is fan Normandje; har heit, Dominique Casta, komt fan Korsika. Sy hat in âldere broer, Jean-Baptiste, en in jongere suster, Marie-Ange. Har bernejierren hat sy trochbrocht yn Normandje en Noisy-le-Grand.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Casta's karriêre begûn doe't hja opmurken waard troch in fotograaf yn in fakânsje op Korsika mei har famylje doe't sy 15 wie.

Casta hat it offisjele gesicht fan L'Oreal west. Se wie te sjen yn reklamekampanjes fan Guess?, yn de Sports Illustrated-badpakkespesjel, op de Pirelli-kalinder en yn de Victoria's Secret-katalogus.

Hja is sûnt 2001 mei de Italjaanske akteur Stefano Accorsi en op 21 septimber 2006 krigen se harren earste berntsje, Orlando. Casta hat ek in dochter by fotograaf Stéphane Sednaoui: Sahteene.

Filmkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teater[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ondine (2004) toanielstik fan Giraudoux, Théâtre Antoine
  • Elle t'attend (2008) toanielstik fan Florian Zeller, Théâtre de la Madeleine

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Laetitia Casta yn 2005

As Marianne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 waard Casta ferkeazen om model te stean foar de nije búste fan Marianne, it allegoryske symboal fan de Frânske Republyk, dy't yn elts Frânsk stêdhûs te finen is. Casta fersloech model Inès de la Fressange. Marianne's mjitten wurde noch alris feroare, mar eltse boargemaster wol sels de búste kieze foar syn doarp of stêd, sadat besteande Mariannes maklik werbrûkt wurde kinne. Enkêtes hawwe útwiisd dat Casta, Brigitte Bardot en Catherine Deneuve it populêrste binne by de boargemasters.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]