Lútzen de Vries
Appearance
Luitzen Walles (Lútzen) de Vries (Koartsweagen (Opsterlân), 7 septimber 1849 – Utert, 2 maaie 1928) wie in Frysk-Nederlânsk politikus.
De Vries wie in antyrevlúsjonêr dy't ein 19e iuw Twadde Keamerlid en ier tweintichste iuw Earste Keamerlid wie. Hy wie lânbouboer en yn de gemeente Barradiel earst wethâlder en dêrnei boargemaster.
Hy waard yn Skoatterlân yn 1888 troch Domela Nieuwenhuis ferslein, mar in skoftke letter waard er yn it distrikt Burgum dochs noch keazen. Letter wie De Vries aktyf yn it Bûn fan Fryske kristlik-histoarysken en hy waard yn 1922 Earste Keamerlid foar de CHU. Hy wie lokaal de grutte man, dy't fral ôffurdige foar de streek wie.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Luutzen de Vries fan Wikimedia Commons. |
Kategoryen:
- Frysk boer
- Frysk politikus
- ARP-politikus
- VAR-politikus
- CHU-politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Frysk wethâlder
- Boargemaster fan Barradiel
- Lid fan de Steaten fan Fryslân
- Earste Keamerlid
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk boer
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Koartsweagen
- Persoan berne yn 1849
- Persoan stoarn yn 1928