Lânkaartflinter

Ut Wikipedy
Lânkaartflinter
Araschnia levana.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (nymhalidae)
soarte
Araschnia levana

De Lânkaartflinter (Araschnia levana) is in soarte yn it skaai Araschnia.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lânkaartflinter is in tige algemiene flinter. Hy is faak te sjen by boskrânen, kapflakten en houtwâlen. It is in swermlustige soarte. Foar 1930 wie dizze flinter in ûngewoane ferskining yn Nederlân.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarjiergeneraasje sjocht der oars út as de simmergeneraasje. It ferskil sit him bygelyks yn de wjuklingte. Yn 'e maaitiid is dy 16 oant 18 mm; dy fan 'e simmer is 17 oant 21 mm. De ûnderkant fan de flinter fertoant altyd in lânkaartepatroan.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fleant fan mids april oant ein juny en fan ein juny oant ein septimber. Se fleane foaral tusken 10 july oant 15 augustus. De Lânkaartflinter fleant yn twa generaasjes.

In rûp fan de Lânkaartflinter.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is swart en is bedutsen mei wite spikkels. De toarns fan de rûp binne swart of oranje-giel. De rûp libbet yn lytse groepen byelkoar. Folwoeksen rûpen libje allinnich. De pop oerwinteret hingjend oan in stâle yn in krûdlaach.

De rûp fret de Grutte brânnettel.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fjouwer lânkaartflinters fan de twadde generaasje.