Springe nei ynhâld

Kypmantsje

Ut Wikipedy

In kypmantsje, ek wol kjipmantsje, wie in rûn weten koekje fan spesjaal pipernutedaai.

Kypmantsjes waarden eartiids benammen yn Drylts en omkriten makke, by spesjale gelegenheden wurde se noch wolris bakt. [1] De rûne koekjes waarden winterdeis ek wol op it iis ferkocht. [2] Ynwenners fan Drylts wurde gauris de gek oanstutsen mei de skel- of spotnamme Dryltser Kypmantsjes. [3]

It krekte eardere resept foar kypmantsjes is yn de rin fan de tiid ferlern gien. Yn 1979 waard by gelegenheid fan de stedsfeesten fan Drylts troch de kulturele ried in bakwedstryd hâlden om in nij resept te betinken. [4]

It sûnt july 1969 ferskinende moanneblêd fan de winkeliersferiening hjit ek It Dryltser Kypmantsje. [5] It krantsje ferskynt ek yn Nijesyl en Easthim.[6]

De namme wurdt yn Drylts ek brûkt foar de pleatslike bar. [7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It Dryltser Kypmantsje, febrewaris 1981
  2. mooifriesland.nl
  3. Ensyklopedy fan Fryslân
  4. It Dryltser Kypmantsje, juny 1979
  5. It Dryltser Kypmantsje’’ 1e jiergong nûmer 1, july 1969
  6. webstee doarpskrante It Dryltser Kypmantsje
  7. Bar It Kypmantsje