Springe nei ynhâld

Kwelderwâl

Ut Wikipedy

De kwelderwâl is in hegerlizzend part fan in kwelder, dêr't by oerstreamings faak grouwer materiaal ôfsetten wurdt. Se ûntsteane foaral oan 'e rânen fan it kweldergebiet en by streamkes lâns. In goed foarbyld fan kwelderwâlen binne de kwelderwâlen fan de âlde Middelsee yn Fryslân. Dy binne yn it lânskip goed te sjen trochdat dêrop de terpen en doarpen ûntstienen. Bygelyks de rige fan doarpen Hijum, Hallum, Marrum, Ferwert, Blije en Holwert. De kwelderwâlen wurde fierder kenmerke troch (ikker)bou omdat de grûn lichter (sâniger) is as de oare kweldergrûnen.