Springe nei ynhâld

Kwanza

Ut Wikipedy
Pont oer de Kwanza

De Kwanza is in om-ende-by 950 km lange rivier dy't yn Sintraal-Angoala ûntspringt en yn de Atlantyske Oseaan útmûnet. It is de langste rivier dy't folslein yn Angola leit.

Stream op binne der in protte streamfersnellings en wetterfallen yn de rivier. De grutste wetterfal is de Kambambe, dy't 20 meter heech is. De rivier is stream op, oer in lingte fan goed 250 km befarber. Dochs wurdt de rivier net folle brûkt foar transport, omdat it der yn it drûge seizoen gefaarlik ûndjip wêze kin. Yn de rivier binne wetterkrêftsintrales oanlein dêr't elektrisiteit mei opwekke wurdt. Teffens leveret de rivier wetter foar yrrigaasje. Fanwege de ekonomy is de Kwanza ien fan de wichtichste rivieren fan Angoala, neist de Kunene.