Kinea
Kinea (Korfbal Is Nuttig En Aangenaam), oprjochte op 23 maart 1924, is in kuorbalklub (dy't ek in tennisôfdieling hat) út De Knipe. It klubhûs Noppes is fan 1972.
Yn de begjintiid waard der spile op in terrein foar de iisbaan oer. Dêrnei waard spile op it hege stik lân efter de iisbaan. Der wie mar ien fjild beskikber dat eins te lyts wie. Dat it terrein sa heech lei, hie grutte foardielen. By in soad rein bleau it fjild goed te bespyljen.
It shirt wie yn de begjinjierren wyt. Letter waard keazen foar in swart shirt mei giele biis. Yn de jierren '80 waard de kleurstelling omdraaid en waard keazen foar in giel shirt mei in swarte biis.
Yn de begjinjierren spile Kinea yn in ûnderlinge kompetysje fan noch net by it bûn oansletten klubs. Yn 1926 sluet de klup him oan by it Frysk Kuorbalbûn (KFB). Yn 1931 folge de oergong nei de KNKV.