Springe nei ynhâld

Krúsferheffingskatedraal (Uzjhorod)

Ut Wikipedy
Krúsferheffingskatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Transkarpaasje
plak Uzjhorod
koördinaten 48° 37' N 22° 18' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke
bisdom Mûkatsjevo
Arsjitektuer
boujier 1640—1646
boustyl barok
Webside
Side katedraal
Kaart
Krúsferheffingskatedraal (Oekraïne)
Krúsferheffingskatedraal

De Krúsferheffingskatedraal (Oekraynsk: Хрестовоздвиженський собор; Chrestovozdvyzjenskyj Sobor) is in gryksk-katolike katedraal yn Uzjhorod yn it uterste westen fan 'e Oekraïne. De katedraal is de sit fan 'e Gryksk-katolike epargy Mûkatsjevo.

De katedraal waard boud nei't de greve Jan Drugeth op 16 july 1640 in lape grûn oan 'e jezuïten joech om dêr harren kolleezje en tsjerke te bouwen. De bou fan de barokke tsjerke waard yn 1646 foltôge en bleau oant 1773 yn hannen fan 'e Sosiëteit fan Jezus, doe't paus Klemens XIV de oarder ûntbûn.

Ikonostaze.

De tsjerke waard doe yn opdracht fan keizerin Maria Theresia oerdroegen oan 'e gryksk-katoliken en yn 1780 ynwijd as harren katedraal.

Yn 1858 waard in rige fan feroarings oan it ynterieur útfierd. De tsjerke krige in nije ikonostaze, de ferwulften en muorren op 'e nij beskildere en op it plafond waard in foarstelling fan 'e Krúsferheffing skildere.

It gryksk-katolisisme waard nei de Twadde Wrâldkriich troch de autoriteiten fan de Sovjet-Uny ferbean en de tsjerke waard doe oerdroegen oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Op 10 oktober 1991 waard de biskoplike hiërarchy fan 'e Gryksk-Katolike Tsjerke yn 'e Oekraïne wer hersteld. De Russysk-Otterdokse Tsjerke hat doe de katedraal werom jûn oan it bisdom Mûkatsjevo en boude sels de nije Kristus de Ferlosserkatedraal.

Op 28 juny 2003 waarden de reliken fan de yn 1947 troch it kommunistyske rezjym fermoarde en yn 2003 troch paus Jehannes Paulus II sillich ferklearre biskop Teodor Romzja nei de katedraal oerbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Крестовоздвиженский собор (Ужгород)