Krúsferheffingskatedraal (Uzjhorod)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Krúsferheffingskatedraal

Хрестовоздвиженський собор

Gryksk-Katolike katedraal
Gryksk-Katolike katedraal
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
oblast Flag of Transcarpathian Oblast.svg Transkarpaasje
plak Flag of Uzhhorod.png Uzjhorod
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1640—1646
boustyl Barok
webside Side katedraal

De Krúsferheffingskatedraal (Oekraynsk: Хрестовоздвиженський собор; Chrestovozdvyzjenskyj Sobor) is in gryksk-katolike katedraal yn Uzjhorod yn it uterste westen fan de Oekraïne. De katedraal is de sit fan de epargy Mûkatsjevo.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal waard boud nei't de greve Jan Drugeth op 16 july 1640 in lape grûn oan de jezuïten joech om dêr harren kolleezje en tsjerke te bouwen. De bou fan de barokke tsjerke waard yn 1646 foltôge en bleau oant 1773 yn hannen fan de Sosiëteit fan Jezus, doe paus Klemens XIV de oarder ûntbûn.

De tsjerke waard doe yn opdracht fan keizerin Maria Theresia oerdroegen oan de gryksk-katoliken en yn 1780 ynwijd as harren katedraal.

Yn 1858 waard in rige fan feroarings oan it ynterieur útfierd. De tsjerke krige in nije ikonostaze, de gewelven en muorren op 'e nij beskildere en op it plafond waard in foarstelling fan de Krúsferheffing skildere.

It gryksk-katolisisme waard nei de Twadde Wrâldkriich troch de autoriteiten fan de Sovjet-Uny ferbean en de tsjerke waard doe oerdroegen oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Op 10 oktober 1991 waard de biskoplike hiërarchy fan de Gryksk-Katolike Tsjerke yn de Oekraïne wer hersteld. De Russyske-Otterdokske Tsjerke hat doe de katedraal werom jûn oan it bisdom Mûkatsjevo en boude sels de nije Kristus de Ferlosserkatedraal.

Op 28 juny 2003 waarden de reliken fan de yn 1947 troch it kommunistyske rezjym fermoarde en yn 2003 troch paus Jehannes Paulus II sillich ferklearre biskop Teodor Romzja nei de katedraal oerbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Крестовоздвиженский собор (Ужгород)