Kristus-Keningkatedraal fan Mullingar
Kristus Keningkatedraal
Christ the King Cathedral | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | Mullingar | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1933-1936 | |
arsjitekt | W.H. Byrne & Sons | |
boustyl | Neorenêssânse | |
oare ynformaasje | ||
kosten | £ 275,000. | |
webside | www.mullingarparish |
De Katedraal fan Kristus Kening (Ingelsk: Christ the King Cathedral) is in katolike katedraal yn de Ierske stêd Mullingar. De katedraal stiet tichteby it sintrum fan de stêd net fier fan de grêft ôf. It is de wichtichste tsjerke fan it katolike bisdom Meath.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It plan om in nije katedraal te bouwen om de âlde Untfinzeniskatedraal (1836-1936) te ferfangen sette útein yn 1920 . William Byrne & Sons út Dublin ûntwurpen de katedraal as in basilyk yn de styl fan de renêssânse. De karakteristike twillingtuorren bekroand mei brûnzen krusen binne likernôch 55 meter heech. Yn de tsjerke passe sa'n 5.000 leauwenden.
De earste stien foar de tsjerke waard op 6 augustus 1933 lein troch biskop Thomas Mulvany. De offisjele iepening fan de nije katedraal fûn plak op 6 septimber 1936. Op fersyk fan paus Pius XI waard it de earste katedraal fan de wrâld dy't wijd waard oan Kristus Kening. De plechtige konsekraasje wie op 13 augustus 1939. De kosten fan de bou en it ynterieur bedroegen £ 275,000.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De katedraal is benammen bekend om de moazaïken yn de Sint-Anna- en Sint-Patrickkapel. It is it wurk fan de fan komôf Russyske keunstner Boris Anrep. Syn wurk is ek te sjen yn de Westminster-katedraal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|