Springe nei ynhâld

Kristoffel Kolumbus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kristoffer Kolumbus)
Kristoffel Kolumbus
Replika fan de Santa María

Kristoffel Kolumbus (Spaansk Cristóbal Colón, Italjaansk Cristoforo Colombo; Genua, 1451 - Valladolid, 20 maaie 1506) wie in Italjaansk ûntdekkingsreizger. Kolumbus waard ferneamd troch syn ûntdekking fan Amearika yn opdracht fan Spanje yn 1492.

Kolumbus waard (wierskynlik) berne yn 1451, yn de Italjaanske havenstêd Genua oan de Liguryske kust.

Kolumbus gie oan 't wurk as keapman by in Italjaansk hannelsbedriuw, wêrfoar't hy nei ferskate lannen bylâns de Middellânske See fear. Yn 1476 spielde Kolumbus op de Portugeeske kust oan neidat syn skip yn in seeslach tusken Genua en Portegal sonken wie. De tiid dy't hjirop folget is Portegal syn thúshaven en reizget hy op Portugeeske skippen de kust fan Afrika bylâns. Hy hopet sa Yndia te berikken.

Kolumbus komt ek yn de kunde mei ferskate wittenskippers, wêrunder Paolo dal Pozzo Toscanelli, en hy rekket dêrfan oertsjûge dat it mooglik wêze moat om Aazje te berikken troch nei it westen te farren. By it Portugeeske hof krijt hy hjirfoar gjin stipe ek om't de Portugezen al in protte súkses hawwe by harren reizen bylâns de Afrikaanske kust. Dêrom giet hy nei Spanje wêr't hy fan keninginne Isabella nei lang twifeljen tastimming en middels krijt om syn plan út te fieren.

Earste reis

Hy kriget trije skippen, de karvelen Pinta, Niña, en it flaggeskip de kraak Santa María, en njoggentich man bemanning ta syn beskikking. Op 17 augustus fart Kolumbus de haven fan Palos, by Cádiz út.

It lochboek fan Kolumbus syn earste reis is bekend, yn in troch Bartolomé de Las Casas redigearre ferzje. Hoewol't Kolumbus de datums en ôfleine ôfstannen presys byhâldt, jout er ferfalske ynformaasje oan syn bemanning, om harren tinke te litten tichter by hús te wêzen dan sy yn werklikheid binne.

Kolumbus op Guanahaní, ôfbyld út 1493

Op 12 oktober 1492 kaam der lân yn sicht. Kolumbus tocht dat hy yn Yndia wie en neamde dy ynwenners Yndianen. It eilân sels neamde hy San Salvador, troch de lokale Yndianen waard it Guanahaní neamd. Dit eilân wie ien fan de Bahama's, hoewol't der noch altyd diskusje is oer hokker eilân it no krekt west hat. Lange tiid waard oannaam dat it Watlings Eilân west hat. Dat eilân is sels omneamd ta San Salvador, mar yn 1986 waard nei in wiidweidige stúdzje fan National Geographic bepaald dat it Samana Kay wêst hat, wylst ek Plana Kays wol as mooglik eilân oannaam wurdt.

Dêrnei die Kolumbus noch ferskate oare eilannen oan, bygelyks Kuba, dat hy earst noch in skoftke foar Japan oanseach. Wylst Kolumbus de kusten fan Kuba ferkende gie Pinzón der mei de Pinto fantusken om't hy fan de Yndianen ferhalen heard hie fan it goudeilân Baneque.
Dêrnei gie Kolumbus wêr nei it easten en ûntduts Hispanjola. Op krystjûn sonk de Santa Maria; Kolumbus wenne in skoftsje op it eilân. Letter kaam hy by tafal de Pinto wêr tsjin en fear wer nei Jeropa. Op 4 maart 1493 kaam Kolumbus yn Lissabon oan, wêrnei't hy nei de Spaanske keninginne yn Barselona trochreizge.