Springe nei ynhâld

Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum

Ut Wikipedy
Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum
Christelijke Oranjevereniging van Oosterbierum/Klooster-Lidlum
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd kultuer
fêstige yn Easterbierrum (Fryslân)
oprjochte 1918
offisjele webside
www.oosterbierum.info

De Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum (Nederlânsk en offisjeel: Christelijke Oranjevereniging van Oosterbierum/Klooster-Lidlum) is de oranjeferiening fan 'e doarpen Easterbierrum en Kleaster-Lidlum, yn 'e noardwesthoeke fan Fryslân. De feriening is û.m. ferantwurdlik foar it jierliks (yn juny) organisearre doarpsfeest fan Easterbierrum.

De Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum waard oprjochte yn 1918. Sadwaande waard op 22 en 23 juny 2018 it hûndertjierrich bestean fan 'e organisaasje fierd, mei in ekstra lang doarpsfeest dat û.m. in keatswedstryd, in bernemerke, in reüny fan âld-doarpsgenoaten en in fergees tagonklik optreden fan DJ M. Bus omfette.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dorpsfeest in Teken van Jubileum Oranjevereniging, yn: de Frjentsjerter Krante, 20 juny 2018, s. 11.
  • Dorpsfeest in Oosterbierum Eeuwfeest, yn: van Wad tot Stad, 19 juny 2018, s. 7.