Krikelbeampaazje

Ut Wikipedy
Krikelbeampaazje
Thecla betulae.jpeg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Reachwjukflinters (Lycaenidae)
soarte
Thecla Betulae

De Krikelbeampaazje (Thecla betulae) is in flintersoarte yn it skaai fan de Thecla, út 'e famylje fan 'e reachwjukflinters.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter wurdt hieltiten faker sjoen yn tunen en parken. De grutste populaasjes wurde fûn lâns de Feluwe en súd- Limburch. It is in honkfêste soart. De flinter hâldt fan krikelstrewellen, houtwâlen en boskrânen.

Op de reade list stiet de flinter as bedrige.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan begjin juny ôf oant ein septimber. Foaral tusken 5 oant 31 augustus. De flinters fleane altyd yn 1 generaasje.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is likernôch 17 mm. De ûnderkanten fan de wjukken binne ljochtbrún oant oranje. De wyfkes hawwe op de boppekant fan de foarwjuk in oranje plak.

De rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 20mm lang wurde. It liif is wyteftich-grien mei tinne skeane streken op de flanken. It hiele liif is bedekt mei fine behierring. De kop is lyts en swart. De groei fan de rûp is yn it foarjier en foarsimmer.

De aaikes fan de flinter binne wyt en plat. Se binne foaral yn de winter te finen. Tusken okselblêden fan jong hout yn takken. It aai oerwintert.

De rûp fret kryk, soms prûm en kers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]