Springe nei ynhâld

Roekmole

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kriekemole)
Kriekemole

De Roekmole is in spinnekopmole dy't oarspronklik yn 1832 yn Warniahuzen (by Aldeboarn) boud waard om de polder Krieke te bemeallen. It is de grutste spinnekopmole fan Fryslân. De lytse poldermole hat in fizel. Nei in ferpleatsing nei natoergebiet It Eilân, by Goaiïngahuzen, yn Smellingerlân, yn 2009, is hy mealree restaurearre. Yn novimber 2010 is hy oplevere op syn nije plak, dêr't hy foar bemealing brûkt wurde sil. De mole is in ryksmonumint.