Kredytuny

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In kredytuny is in koöperative feriening mei útsletten oanspraaklikheid sûnder winsteachmerk, wêryn't ûndernimmers har per regio of per brâns organisearje om inoar jild te lienen. Troch risikosprieding kinne ûndernimmers op in ferantwurde wize jild útliene of dat just foardieliger en makliker liene as by in bank. Sawol kredytjouwers as kredytnimmers binne lid en mei-eigner fan 'e koöperaasje. Dize manear fan wurkjen befoarderet de ûnderlinge solidariteit. Ek kinne de kredytjaande leden as finansjeel begelieder optrede foar de kredytnimmers, dy't faak begjinnende ûndernimmers binne. Alle leden fan 'e kredytuny diele oan 'e ein fan it jier yn in eventueel posityf saldo.

Yn Nederlân wie de oprjochting fan kredytunys oant 2014 ûnderwurpen oan tige yngeande regeljouwing en tafersjocheasken fan De Nederlânske Bank (DNB). Dat hie in beheinende wurking. Dit belied is feroare, en op 21 jannewaris 2014 waard de Kredytuny Midden-Nederlân (oprjochte op 2 oktober 2013) de earste kredytuny yn Nederlân dy't in troch de Autoriteit Finansjele Merken (AFM) ferliende ûntheffing fan kêst 4:3 fan 'e Wet Finansjeel Tafersjoch krige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.