Krúsferheffingstsjerke (Tobolsk)

Ut Wikipedy
Krúsferheffingstsjerke

Крестовоздвиженская церковь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Tjûmen
plak Tobolsk
koördinaten 58° 11' N 68° 13' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Tobolsk-Tjûmen
Arsjitektuer
boujier 1754-1771
boustyl Sibearyske barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 722311403710006
Webside
www.tobolsk-eparhia.ru
Kaart
Krúsferheffingstsjerke (Ruslân)
Krúsferheffingstsjerke

De Krúsferheffingstsjerke (Russysk: Крестовоздвиженская церковь) is in russysk-otterdokske tsjerke yn Tobolsk, Ruslân. De yn 'e styl fan 'e Sibearyske barok boude tsjerke stiet yn it súdwestlike diel fan 'e stêd oan 'e Irtysj en datearret út de jierren 1754-1771.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1652 waard in houten Krúsferheffingstsjerke boud, dy't yn 1743 ôfbaarnde. De tsjerke waard wer op 'e nij boud, mar tsien jier letter setten parochianen súdwestlik fan 'e houten tsjerke útein mei de bou fan in stienen tsjerke. De bou waard mooglik makke troch de parochianen en de keapman Medvedev.

Stúkwurk yn de koepel.

Yn 1761 waard de benedentsjerke ynwijd en tsien jier letter de boppetsjerke. De foltôging fan 'e klokketoer folge yn 1784 ûnder it regear fan Katarina II.

De tsjerke jildt as ien fan 'e moaiste foarbylden fan Sybearyske barok yn Tobolsk en hat in rike dekoraasje. It interieur is fersierd mei fraai stúkwurk. Yn 'e koepel binne motiven oanbrocht, dy't yn relaasje steane mei de krúsferheffing.

De tsjerke waard yn 1930 sletten foar de earetsjinst en dêrnei brûkt foar opslach. De tsjerke rekke slim yn ferfal en pas yn 2004 waard in plan foar de restauraasje makke, maar fan de realisaasje kaam neat telâne. Sûnt is de tsjerke noch slimmer fertutearze.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside ru:Крестовоздвиженская церковь (Тобольск).