Krúsdykskâns
De Krúsdykskâns (Nederlânsk: Kruisdijkschans of Kruisschans) is in skâns dy't troch de Steatske troepen oanlein waard yn 1638 as ferdigening fan de festingstêd Sluis en Aardenburg. Hy waard brûkt oant 1762, wêrnei't er in bûtenpleats waard. Der is doe in lânhûs boud op it stee fan it fort. Dat lânhûs stiet der noch, al is it yn ferfallen steat. It hjit Krúsdyk.
Op 22 juny 1640 wurdt fermeld dat de gouverneur van Sluis met Prins Frederik Hendrik had gevisiteerd de plaats daar voor dezen bij de raad geresolveerd was dat een redoute zou gemaakt worden te weten op den Kruisdijk en dat Zijne Hoogheid nodig oordeelde dat dezelve aldaar op het Lapschuursche Gat gemaakt werd.
De skâns leit op de Sint-Pitersdyk, dy't yn eatlike rjochting Hoge Weg hjit en nei de Elderskâns rint. Leadrjocht hjirop stiet in wei dy't nei it noarden fia it buorskip Ronduit by de Krabbeskâns útkomt. Nei it suden giet in wei oer de Stierskreek nei Heille.
Tsjintwurdich is it in natoergebietsje. De grêft is der noch en de wâlen binne noch werkenber. Ek de singeliere wegenstruktuer (de wegen rinne yn in fjouwerkant om de skâns hinne) wize op it bestean derfan.