Korado Korlević

Ut Wikipedy
Korado Korlević

Korado Korlević (Poreč, 19 septimber 1958 yn Kroaasje) is in Kroätysk amateurastronoom en meiwurker fan it Observatoarium yn Višnjan. Hy ûnduts tal fan asteroïden, yn jannewaris 2010 wiene dat al mear as 1270; 130 dêrfan yn 'e mande mei oare waarnimmers.[1] Teffens ûntduts er de kometen 183P/Korlević-Jurić en 203P/Korlević

Yn 1990 die er mei oan de earste ynternasjonale Toengoesjka-ekspedysje nei it plak fan de Toengoesjka-eksploasje.[2] Motivearre troch de nije ûndersyksmêden dy't de ekspedysje opsmiet, krewearre Korlević foar de ferfanging fan de teleskoop fan it observatoarium fan Višnjan. Dy rekke swier skansearre yn de oarloch yn Kroaasje. De nije teleskoop waard yn 1995 yn gebrûk naam en rillegau waarden dêrmei tal fan ûnbekende asteroïden fûn.

De asteroïde (10201) Korado waard nei him ferneamd.

Weblinks[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Minor Planet Discoverers
  2. Bericht der 1. Internationalen Tunguskaexpedition ((in) )