De Burd (wynmole)
Appearance
(Trochferwiisd fan Koopmansmole)
De Burd ek wol de Koopmansmole neamd, is in poldermole east fan Grou op eilân en polder De Burd.
De Burd waard boud yn de 18e iuw, mar it krekte boujier is ûnbekend. De mole waard boud foar it bemeallen fan polder De Burd, de eardere Koopmanspolder. Oant wannear dizze spinkopmole as sadanich wurke is likemin bekend, mar yn 2004 wie hy sa ferfallen dat hy gedeeltlik ôfbrutsen waard. De gemeente Boarnsterhim, dy't de mole yn eigendom hat, besleat doe ta restauraasje. Dy krige yn novimber 2005 syn beslach.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]