Springe nei ynhâld

De Burd (eilân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Burd (polder))
It eilân De Burd leit east fan Grou. Noardwestlik wurdt it eilân begrinze troch it Prinses Margrietkanaal, oan de westkant troch de Pikmar, oan de súdkant troch de Wide Ie en yn it easten troch De Greft.

De Burd is in eilân beëasten it doarp Grou wêr't it fan skieden is troch it Prinses Margrietkanaal. It eilân wie oarspronklik noch wat grutter, mar de oanlis fan it Prinses Margrietkanaal hat it westlike diel fan it eilân "ôfsnien". Hjirop is no kemping Yn 'e Lyte fêstige. Dit diel is ferbûn troch in brêge mei it doarp Grou. De Burd is berikber mei de Fearpont de Burd dy't ferkear fan de kempingside oer it Prinses Margrietkanaal set nei De Burd. De skiednis fan de fearpont is tagelyk in diel fan de resinte skiednis fan it eilân De Burd.

It sleattepatroan op in grut diel fan it eilân bestiet al sûnt de 15e iuw. Fan dizze tiid ôf hie it eilân altyd in agraryske funksje. Yn de 20e iuw is dizze funksje pas útwreide troch de bou fan in grut tal rekreaasjewenten, en it oanlizzen fan wenboaten (benammen oan de súd- en westside). Oan de ein fan de 20e iuw is in grut stik fan de grûn oerdien oan It Fryske Gea dat agrarysk behear tastiet dat rjochte is op greidefûgels. Nettsjinsteande it behear nimt de greidefûgelstân de lêste jierren ôf.

Yn 2006 waard De Burd part fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen. Yn 2018 is in part fan it eilân (25 ha) frijmakke foar it farwetter Suderburds Wiid, dat it eilân is no yn twaen splitst.