Springe nei ynhâld

Konkordânsje

Ut Wikipedy
Hebriuwsk-Latynske konkordânsje fan de bibel, "Sefer Ya'ir Netive" fan Mordekai Nathan, Bazel, 1556

In Konkordânsje is in alfabetyske list fan de wurden yn in boek of in oar skriftlik wurk, tegearre mei de dêrby hearrende omtekst. Fanwegen de tiid en de muoite en de kosten nedich foar it meitsjen fan in konkordânsje yn de pre-kompjûter-tiid, is dat eartiids allinne dien foar wurken fan bysûndere betsjutting, de Vedas, de Bibel, de Koran en de wurken fan Shakespeare.

Sels mei it gebrûk fan kompjûters en in konkordânsjeprogram kostet it meitsjen fan in konkordânsje (likegoed op papier as yn de kompjûter) hiel wat hantwurk, om’t se faak taheakke teksten omfetsje, lykas kommentaren op of definysjes fan de yndeksearre wurden. As de tekst fan in wurk lykwols yn in kompjûter sit, kin in syk-funksje de basisopdracht fan in konkordânsje útfiere en dan is dy yn guon opsichten sels follesidiger as ien op papier.

Fryske konkordânsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ienkear yn in kompjûter oanbrocht (digitalisearre), kinne ek fan Fryske (Sealter) teksten maklik konkordânsjes makke wurde. Dêrby kinne de wurden alfabetisk toand wurde (middelste kolom yn it foarbyld), tegearre mei de derby hearrrende sinnen. Rjochts steane de nammen fan de boarnetriemmen (hjir Ls249 en Ls351), as makke mei WConcord.

Op dy wize kin men ek folle mear triemmen byinoar besjen. As men dêrta alle digitalisearre teksten fan in taal byinoar bringt, kin men elk wurd yn al syn funksjes bestudearje. Dat is nuttich foar it skriuwen fan wurdboeken, mar befettet boppedat faak folle mear ynformaasje as yn in wurdboek opnommen wurde kin, mar wol folle minder strukturearre.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Software om del te laden (karút)
Online-Software (karút)