Komoarenpappegaaido
Komoarenpappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron griveaudi | ||||||||||||
Benson, 1960 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige | ||||||||||||
De Komoarenpappegaaido (Treron griveaudi) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Komoarenpappegaaido is in likernôch 32 sm lange do fan dûbeld stal. De do hat in grize krún en nekke, griisgriene boppedielen, in wat skiere pearseftige flek op 'e lytse dekfearren en kastanjebrune dekfearren oan 'e ûndersturt mei krêmkleurige rannen.
De Madagaskarpappegaaido liket in soad op 'e Komoarenpappegaaido, mar hat yn stee fan in grize in griene krún en nekke. Ek hat de Madagaskarpappegaaido gjin krêmkleurige rannen oan 'e ûnderste sturtdekfearren.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt allinne noch op it eilân Mohéli (Komoreesk: Mwali) fan 'e Komoarenarsjipel yn tichte, fochtige bosken foar, dy't hjoed-de-dei noch mar 5% fan 'e Komoaren útmeitsje. Op oare eilannen fan 'e arsjipel is de fûgel al útstoarn.
Somtiden wurdt de Komoarenpappegaaido as in ûndersoarte fan de Madagaskarpappegaaido (T. australis) beskôge.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje wurdt tusken de 1000 en 2500 folwoeksen fûgels rûsd en rint tebek. De Komoarendo hat mar in tige lyts ferspriedingsgebiet, dat jimmeroan bedrige wurdt troch de lokale boeren, de yntroduksje fan ferskillende ynvazive plantesoarten en yntrodusearre rotten. De soarte wurdt offisjeel beskerme en dêrom wurdt der fan út gien dat de hjoeddeiske efterútgong fral feroarsake wurdt troch streuperij. De do komt noch it measte foar op 'e maksimale hichte fan syn ferspriedingsgebiet en dat makket de do ek tige kwetsber foar klimaatferoaring. De fûgel wurdt dêrom troch IUCN as bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|