Kollumer Kanaal
It Kollumer Kanaal is in kanaal deun beëasten Kollum yn de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân yn de provinsje Fryslân. It kanaal is sa'n twa kilometer lang en ferbynt de Strobosser Trekfeart yn it suden mei de Sylsterryd en de Dwersryd yn it noarden. Oer de Sylsterryd kin de Lauwersmar berikt wurde.
De earste plannen foar it kanaal datearje út ein 19e iuw. It trasee fan it kanaal waard tsientallen jierren mei opset sin frij fan bebouwing holden. Ein jierren 80 wie der genôch jild fûn om it kanaal te dollen, doe't it Ministearje fan Definsje de grûn wol keapje woe foar it bouryp meitsjen fan de nije oefenterreinen by de Lauwersmar. It graafwurk en de bou fan de brêgen deroerhinne begûn yn 1990. Yn 1995 waard it kanaal iepensteld. It kanaal is yn it foarste plak ornearre foar de plezierfeart.
Parallel oan it Kollumer Kanaal rint westlik de Kollumer Trekfeart troch it doarp, in koart kanaaltsje tusken de Strobossertrekfeart yn it suden en de Sylsterryd yn it noarden, dy't yn de 16e iuw oanlein waard.