Springe nei ynhâld

Koerhûs (Dimter)

Ut Wikipedy
It Koerhûs yn 1744
It Koerhûs as útspanning sa. 1865

It Koerhûs wie in wachttoer by Dimter yn Oerisel.

De namme komt fan it Middelnederlânsk coeren, dat op de útkyk stean betsjut. It Koerhûs waard foar it earst neamd yn de 14e iuw. De wachttoer stie oan de wei dan Dimter nei Epse (de hjoeddeiske Sutfenskewei, by de sportfjilden), ûngefear 1750 meter bûten de fêstingmuorre fan de stêd.[1] It Koerhûs stie hjirmei op de grins fan Oerisel en Gelderlân. De toer wie altiten mei in pear mannen beset, om sa de greide De Teuge en de tagong nei de stêd te befeiligjen. By ûnrie oerdei waard in koer op en del litten, by ûnrie nachts waard boppe op de toer fjoer stookt om de stêd te warskôgjen.[2] By rebûlje yn 1521 waard de toer troch de Geldersken ynnomd en de besetting deade.[3] Yn 1656 waard de wei nei Sutfen ferbettere en kaam it Koerhûs yn gebrûk as tolhûs.

Yn de earste helte fan de 19e iuw waard it ferboud ta in útspanning mei herberch; dêrby waarden it útsjochtuorke en it dak ferfongen troch in oerkaping nei in weranda.[4] It wie der benammen simmerdeis drok troch minsken dy't út de stêd wei te kuierjen gienen. Hospes Willem Jan Bonhof wie fan 1856-1865 de lêste pachter fan it Koerhûs. Om 1866 hinne is it gebou sloopt.

Lâns it Koerhûs rûn de Koerhûsbeek, dêr't yn 1936 de op ien nei âldste minsklike skedel fan Nederlân fûn waard.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. F.A. Hoeffer (1909) "Een Nederlandsche middeleeuwse vesting" yn Elsevier.
  2. Naem Lijst der adellijke huizen, sloten en kasteelen
  3. AA, A.J. van der (1849) Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden
  4. Herweijer, N. en Slechte, C.H. (1984) Deventer getekend. Zutphen.
  5. De oudste mens van Overijssel