Springe nei ynhâld

Klooga

Ut Wikipedy
Klooga
Gemeente Keila valt yn de provinsje Harjumaa
Gemeente Keila valt yn de provinsje Harjumaa
Polityk
Lân Estlân
Provinsje Harjumaa
Gemeente Keila vald
Sifers
Ynwennertal 1.203 (2011)

Klooga (Dútsk Lodensee of Lonsee) is in doarp (alevik) yn de provinsje Harjumaa yn Estlân. By de folkstelling fan 2011 hie it plak 1.203 ynwenners, wêrfan't 642 (53.4%) Esten wiene.

Klooga leit oan de noardigge fan de mar Klooga. De mar beslacht 1,85 km² en is oant 3,66 m djip. De mar fuorret de rivier de Vasalemma.

Klooga hat in spoarferbining mei Tallinn, Paldiski en it baaiplak Kloogaranna oan de Eastsee .

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tichteby Klooga stichte de Dútske besetter yn septimber 1943 it konsintraasjekamp Klooga. It wurkkamp wie in bûtenkamp fan konsintraasjekamp Vaivara, dêr't oant 3000 finzenen ûnderbrocht wiene. Op 19 septimber 1944 fermoarde de SS sa'n 2500 finzenen foar't it Reade Leger it plak besette koe.

Hjoed de dei is de delsetting part fan in grut oefenterrein fan it Estlânsk leger.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]