Springe nei ynhâld

Klonen (software)

Ut Wikipedy

Klonen is it meitsjen fan in ien-op-ienkopy fan de fêste skiif nei help fan in dêrfoar geskikt programma.

Dat wurdt bygelyks tapast by it ynrjochtsjen fan in kompjûterlokaal. De systeembehearder ynstallearret earst ién systeem. Dêrnei wurdt de fêste skiif kloond nei de oare pc’s yn it lokaal. Dat kin streekrjocht, troch de orizjinele skiif njonken in lege yn deselde kast te setten. Mar meast wurdt fan de orizjinele skiif earst in image makke. Dat is in komprimearre bestân dêr’t de orizjinele skiifynrjochting út rekonstruearre wurde kin. Dy image wurdt op it lokale netwurk set en dêrútwei distribuearre.

Programma’s dêr’t in ûnder Microsoft Windows draaiend systeem mei kloond wurde kin binne ûnder oare Norton Ghost en Drive Image fan Symantec. Mac OS X-brûkers kinne harren opstartskiif folslein wurkjend klone mei it fergese (donationware) Carbon Copy Cloner fan Bombich Software.