Springe nei ynhâld

Klokketoer fan Surhústerfean

Ut Wikipedy
Feanster toer
bouwurk
De Feanster toer yn 2021
De Feanster toer yn 2021
lokaasje
Gemeente Achtkarspelen
plak Surhústerfean
adres Torenplein 2
bysûnderheden
boujier 1934
arsjitekt G.M. van Manen
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 502218

De klokketoer fan Surhústerfean, de Feanster toer, is in klokketoer yn Surhústerfean yn de Fryske gemeente Achtkarspelen.

De 16 meter hege flakopgeande toer fan reade flamde bakstien mei tintedak en waarhoanne waard yn 1934 boud mei ekspresjonistyske details nei ûntwerp fan de Drachtster arsjitekt G.M. van Manen. It inisjatyf foar de bou fan de klokketoer op in stik dimpte feart (De Kolk) kaam fan de Vereniging Plaatselijk Belang. It elektrysk toeroerwurk mei liedklok en fjouwer wizerplaten waard levere troch de firma Van Bergen út Midwolda. Yn 1942 waard de liedklok troch de Dútske besetter foardere. Hy waard ferfongen troch in klok mei it opskrift: Gyng d' earste klok ek ût de toer, de ienheit yn us doarp bleau oer. Sa lang dy ienheit bliuwt bistean, liet ik hjir yn 't Surhústerfean. De yngong is oan de noardkant en oan de súdkant is in tinkstien oanbrocht.

De yn 1978 restaurearre toer is sûnt 1996 in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4