Springe nei ynhâld

Klokkestoel fan Ketlik

Ut Wikipedy
Klokhûs en oarlochsmonumint.

De klokkestoel fan Ketlik is ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.

Oars as wenst stiet de klokkestoel fan Ketlik njonken it tsjerkhôf. Foarhinne stie de klokkestoel lykas op oare plakken op it tsjerkhôf oan de noardlike kant fan 'e tsjerke. Doe't de klokkestoel yn 1930 fernijd wurde moast, is er nei it hjoeddeiske plak ferset. Troch't it Sint-Tomaslieden eartiids dei en nacht trochgie en op jûntiid en nachts in soad jongfolk op it hôf wille hie, joech dat argewaasje by guon ynwenners. Hja fûnen it ûnfoech wat dêr op it tsjerkhôf ôfspile en doe't de klokkestoel ferfongen wurde moast, waard dy neffens it sin fan elkenien njonken it tsjerkhôf delset.

Yn 'e klokkestoel fan Ketlik hingje de klokken (bes1 en des2) oan rjochte liedassen mei in liedstok en hawwe in fleanende bongel. De klokken binne dêrtroch better te bestjoeren. Yn in tsjerketoer hingje de klokken faak oan in krukas mei een liedtsjil en hawwe dan in fallende bongel. De twa klokken binne yn 1952 ferfongen troch twa dy't by Van Bergen út Heiligerlee getten binne. De eardere klokken wiene yn 1752 troch Ciprianus Jansz. Crans út Amsterdam getten en binne yn 'e oarlochsjierren weihelle en net werom kommen.

opskrift klok 1:
Ik ha hjir mar in klokkestoel, gjin toer.
Dochs galmje ik 't de fjilden oer.
Gjin libbensskipke leit goed fêst
as 't anker net yn Kristus rêst.

opskrift klok 2:
1944 De dútskers binne kommen
Hja ha d' âld klok hjir nommen.
1952 Nou joech men my út mienskipssin.
'k Lied bliid myn lûd de himel yn.

It klokhús lûkt mei kryst in soad minsken, om't Ketlik ien fan de twa plakken yn Fryslân is dêr't noch oan Sint-Tomaslieden dien wurdt. Alle jierren liede dan betûfte kloklieders yn tradisjonele klean de klokken op de maat. It wurdt ek noch yn it tichtby lizzende Aldhoarne dien. De klokkestoel is yn 1979 restaurearre.