De klimrotten fan de Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Tylomyinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dy't mei twa oare ûnderfamyljes de ynformele groep fan 'e mûzen en rotten fan de Nije Wrâld opmakket. Foarhinne waarden de klimrotten fan de Nije Wrâld wol ûnderbrocht by de mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae), mar tsjintwurdich is de selsstannigens fan dizze ûnderfamylje algemien akseptearre. De klimrotten fan de Nije Wrâld foarmje de lytste ûnderfamylje fan 'e wrotmûseftigen, mei mar 10 soarten, ferdield oer 4 skaaien.