Springe nei ynhâld

Klickitat (rivier)

Ut Wikipedy
De rivier de Klickitat by Lyle

De rivier de Klickitat (Ingelsk: Klickitat River) is in sydrivier fan de rivier de Kolumbia yn it midsuden fan de steat Washington yn 'e Feriene Steaten. It hat in lingtme fan 154 km en in streamgebiet fan 3496 km² beëasten it Cascades berchtme noardeastlik fan de stêd Portland, Oregon. De rivier ûntspringt by Gilbert Peak yn it noardwesten fan Yakima Countyop in hichte fan 1963 m en rint earst súdeastlik en dan súdlik oer it Lincoln Plateau. It rint de noardgrins fan Klickitat County oer en kronkelt dan súdlik troch steile kleauen om dan ta einbeslút yn 'e Kolumbia út te mûnen justjes benoarden Lyle, sa'n 16 km noard-noardwestlik of The Dalles, Oregon op in hichte fan 24 m. De trochsneed wetterôffier is 45 m³ de sekonde mei in maksimum fan 1444 en minimum 12 m³ de sekonde.