Lyle (Washington)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lyle
Lyle yn Klickitat County
Lyle yn Klickitat County
Sifers
Ynwennertal 530 (2000)
Oerflak 8,8 km² (ynkl. wetter)
8,8 km² (allinne lân)
Befolkingstichtens 60,4/km²
Hichte 62 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Klickitat County
Oar
Stifting 1859
Postkoade 98635
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45°41´45´´N 121°16´56´´W
Lyle sjoen fanút Oregon

Lyle is in Census-designated gemeentefrij plak yn it suden fan Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak leit oan de rivier de Kolumbia. It plak hie by de folkstelling fan 2000 530 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak is stifte rûn 1859 en de iere namme fan it plak wie Klickitat Landing. De earste bewenner fan Jeropeesk komôf wie Egbert French fan Ohio. Yn 1866 ferkocht French syn eigendommen oan James O. Lyle fan The Dalles, Oregon en hy ferhûze nei White Bluffs. Lyle buorke lân oan de Oregonske kant fan de Kolumbia en besleat om nei de Washingtonske kant te ferhûzjen. In postkantoar kaam al rillegau. In stoomboat ferbûn it plakje om post te leverjen. Yn 1907 kaam it spoar fan de Spokane, Portland and Seattle Railway justjes benoarden it plakje lâns. It hjoeddeiske doarp waard ûntwurpen yn 1909, wilens it âldere part bekend waard as it sintrum (downtown). Yn 1941 krige Lyle in lyts fleanfjild.

Hjoeddedei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lyle bestiet hjoeddedei út likernôch twa parten: it sintrum wat oan de noardwâl fan de Kolumbia leit en it part dat heger op de heuvels boppe de rivier. It sintrum hat in supermerk, 2 tsjerken, in kroech, in restaurant/kafee, in benzinestasjon mei in graazje, in twaddehâns winkel en in hotel. Bewennings binne oan wjerskanten fan it sintrum, dus beëasten en bewesten. Nije wentes binne boud op it hegere part fan it doarp, mei gruttere en djoerdere wentes. Hjir hat jin in moai útsicht oer de Kolumbia kleau. Lyle leit lykwols sa'n goed 100 km beëasten de stêdekloft fan Portland-Vancouver, dochs it is lykwols beskôge as in 'sliepstêd'.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lyle hat gjin legere skoalle, mar wol ien foar fuortset ûnderwiis, wilens it 10 km beëasten lizzende Dallesport it krekt oarsom hat. Dus bern fan beide plakken gean dus nei de legere skoalle yn Dallesport en de hegere skoalle yn Lyle.

Fierders binne by Lyle in tal fruit- en wynhôven en biine der surfmooglikheden yn de Kolumbia flakby it plak.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De omkriten hawwe in waarme (mar gjin hite) en drûge simmers, mei trochsneed temperatuer fan 22°C. Neffens it Köppen klimaat klassifikaasje hat Lyle in middelânsk seeklimaat, oantsjutten as "Csb" op klimaatkaarten.