Springe nei ynhâld

Klickitat (Washington)

Ut Wikipedy
Klicitat
Boerd by yngong fan it doarp
Boerd by yngong fan it doarp
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Klickitat County
Sifers
Ynwennertal 362 (2010)
Oerflak 2,6 km² (ynkl. wetter)
2,6 km² (allinne lân)
Befolkingsticht. 62,4/km²
Hichte 146 m
Oar
Stifting nei 1890
Postkoade 98628, 98670
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45° 48' 59" N, 121° 9' 50" W
Kaart
Boerd by yngong fan it doarp
Lizzing fan Klickitat yn Klicitat County yn 'e steat Washington
Klickitat
It eardere drûge iisfabryk

Klickitat is in plak (census-designated place) yn Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It hie 417 ynwenners neffens de folkstelling fan 2000. It plak is in gemeentefrij plak en leit oan de rivier de Klickitat. It plak hie eartiids in houtseachmûne dat wurk joech oan in protte ynwenners, dochs no is it in sliep mienskip. It tichtst by lizzende grutte plak yn Washington is Goldendale en oan de Oregon kant lizze The Dalles en Hood River it tichtste by.

De earste blanke bewenners kamen hjir rûn 1890 hinne. Troch it ferskaat oan hout loek dat mear bewenners oan yn begjin fan de 20e iuw. Reizgje troch de kleau fan de rivier de Klickitat wie dreech oant it spoar oanlein waard yn 1903. Doe waard reizgjen makliker en sadwaande ek it ferfier fan fee en hout. De houtseachmûne, iepene yn 1909, wie de wichtichste wurkjouwer yn it doarp. Yn 1994 is de mûne sletten. It plak hiet earst Wrights, neamd nei ien fan de earste blanke bewenners. Dat wie ek de namme fan it stasjon hjir. In stasjon fierderop hiet Klickitat. Doe't de mineraalwetterfabryk Klickitat Pop, dy't flakby it doarp stie, ferneamder waard, wikselde it spoar de nammen fan de stasjons. Op 7 febrewaris 1910 wie de namme fan it postkantoar offisjeel nei Klickitat feroare.

Der is ek in natuerlike mineraalwetterboarne, Klickitat Mineral Springs 3 km beëasten it plak, wêr't sûnens spa's, mineraalwetterfabryk en in grutte drûge iisfabryk dy't oant 1957 yn gebrûk wie.

Yn 2000 wennen der 417 minsken, 147 hûshâldings wêrfan 92'3% blanken, 0,2% swarten, 3,6% yndianen, 1,0% aziaten en 2,6% latino's It trochsneed hûshâldynkommen wie $28.700 en 29,7% libbe ûnder de earmoedegrins.

De omkriten fan Klickitat binne gaadlik foar jeie en fiskje yn benammen de rivier de Klickitat. Fierders is de rivier gaadlik foar kayakken, raften en boatsje farren. Der binne ek paden foar kuiertochten, bygelyks de 50 km lange Klickitat Trail. Dizze rûte folget it eardere spoar. It mêd fan de eardere drûge iisfabryk, wêrfan der noch ien gebou oerein stiet, is no in kampearterrein.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.