Springe nei ynhâld

Maaloula

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kleasters fan Maaloula)
Maaloula
معلولا
Bestjoer
Lân Syrje
Gûvernemint Rif Dimashq
Distrikt al-Qutayfah Distrikt
Sifers
Ynwennertal 2.762 (sinsus 2004)
Hichte 1.500 m.
Oar
Stifting net bekend
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid EEST (UTC+3)
Koördinaten 33°50′39″N 36°32′48″E

Maaloula, ek wol Ma'loula of Maalula (Arameesk: מעלולא, Maʿlūlā; Arabysk: معلولا Maʿlūlā), is in plak yn it Syryske gûvernemint Rif Dimashq. It plak leit 56 kilometer noardeastlik fan de haadstêd Damaskus en mear as 1.500 meter boppe seenivo yn in rûch berchgebiet.

Yn it troch de islaam dominearre Syrje is Maaloula foar de haadsaak in kristlik plak. Troch de skiednis hinne funksjonearre it altiten as in wichtich sintrum en taflecht foar de kristlike minderheid yn Syrje. Boppedat is Maaloula ien fan de trije plakken dêr't it West-Arameesk as omgongstaal brûkt wurdt. Arameesk wie de memmetaal fan Jezus.

De namme is ôflaat fan it Arameeske wurd מעלא (maʿ'əlā, "yngong").

Tsjin it midden fan de 20e iuw wennen der noch 15.000 minsken yn it berchdoarp. Neffens de folkstelling fan 2004 hie it plak doe in befolking fan 2.762. Yn 2013 wiene dat likernôch 5.000 ynwenners. De measte ynwenners, Maaloulis sa't dy bewenners harren neame, ferhûzen nei stêden, lykas Bab Touma, de kristlike wyk fan de histoaryske stedskearn fan Damaskus. Faak bringe de ferhûzers lykwols harren fekânsje yn it berchdoarp troch, sa't de befolking simmerdeis samar oant 6.000 oprinne kin.

De measte kristenen yn Maaloula hearre by de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië of de Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke. Troch de Syryske Boargerkriich tsjinne Maaloula as in feilige haven foar moslims út Damaskus, wêrtroch't der tsjintwurdich mear moslims wenje.

Maaloula is, njonken de twa oanbuorjende doarpen Bakh'a en Jubb Adin, ien fan de trije plakken dêr't minsken noch West-Arameesk prate. De taal wurdt mûnling fan generaasje op generaasje trochjûn en wurdt fierders net as skriuwtaal brûkt. Der wurdt lykwols besocht om in nij alfabet foar de taal te ûntwikeljen, wêrby't de skriuwsysteem fan besibbe talen yn it gebiet as basis tsjinje.

De taal wurdt troch de media en it ferhûzjen nei de stêden bedrige troch it Syryske Arabysk. Minsken dy't it plak ferlitte en bygelyks ferhûzje nei Damaskus ruilje harren memmetaal fakentiden yn foar it Arabysk. Yn 2003 is yn it plak in skoalle iepene om de taal foar fierdere tebekfal te behoedzjen.

Kleasters fan Maaloula

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Maaloula steane twa wichtige kleasters: it eastersk-katolike Deir Mar Sarkis en it gryksk-otterdokske Deir Mar Takla.

Deir Mar Sarkis

It Sint-Sarkiskleaster fan Maaloula is ien fan de âldste noch besteande kleasters fan it lân. It waard op in heidensk plak boud en yn it kleaster binne resten te finen dy't werom geane op de 5e en 6e iuw. Sint-Sarkis is de assyryske namme foar Sint-Sergius, de romeinske soldaat dy't as martler foar syn kristlike leauwe stoar.

Yn it kleaster wurde de twa âldste ikoanen fan de wrâld bewarre. Ien dêrfan jout in foarstelling fan it Lêste Nachtmiel.

Deir Mar Takla

Yn it Sint-Teklakleaster (Mar Takla) wurde de reliken fan Tekla bewarre, neffens it 2e iuwkse Hannelingen fan Paulus en Tekla in jongfaam en learling fan Paulus. Neffens lettere oerleverings waard se troch soldaten fan har heit achternei sitten fanwegen har kristlike leauwe. Doe't hja by in berch in gebed die, spjalte dy berch midstwa en joech har sa de mooglikheid te ûntsnappen. Maaloula, ôflaat fan it Arameeske wurd מעלא (maʿ'əlā, "yngong"), krige fanwegen dy spjalt of tagong yn de berch har namme.

Yn Maaloula binne in soad resten fan oare kleasters, tsjerken en hillichdommen te finen. Guon dêrfan binne net mear as stienbulten, wylst oaren nettsjintsteande de âldens der noch altiten steane. It plak wurdt in soad besocht troch pylgers, sawol troch kristenen as moslims.

Troch rebellen plondere en yn brân stutsen tsjerke yn Maaloula

Yn septimber 2013 rekke Maaloula belutsen by gefjochten tusken it oan Al-Qaida liearre jihadistsyke Al-Nusra Front en it Syryske leger. Op 21 oktober feroveren rebellen it plak, wêrby't 13 minsken it libben ferlearen en in soad ferwûne rekken. In wike letter wist it leger fan it regear it plak wer yn te nimmen.

It Al-Nusra Front ferovere Maaloula op 3 desimber 2013 op 'e nij. De jihadisten gizelen doe tolve otterdokske nonnen dy't nei ferskate lokaasjes brocht waarden. Beambten út Katar en Libanon ûnderhannelen oer harren frijlitting en kamen oerien dat se útwiksele waarden tsjin 150 finzenen fan it regear. De nonnen waarden op 9 maart 2014 frijlitten.

Op 14 april 2014 slagge it leger der wer yn om Maaloula werom te feroverjen. Dit súskes wie ien yn in rige fan strategyske oerwinnings fan it regear yn de regio Qalamoun, wêrûnder it ynnimmen fan it rebellenbolwurk Yabroud in moanne earder.

It byld fan de jongfaam Marije yn it sintrum fan Maaloula waard troch de rebellen yn 2013 ferneatige. It waard ferfongen en op 13 juny 2015 troch Syryske oerheidsfertsjintwurdigers op 'e nij ûnthulle. It trije meter hege byld waard op de oarspronklike sokkel set en draacht de namme "Us Leaffrou fan de Frede" (Arabysk: سيدة السلام‎).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Maaloula