Springe nei ynhâld

Kleaster fan it Krús (Jeruzalim)

Ut Wikipedy
Kleaster fan it Krús
מנזר המצלבה
   kleaster
Lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
adresShota Rustaveli St.
koördinaten31°46' N 35°12' E
Kleastergegevens
denominaasjeEastersk-otterdoksy
Ynformaasje bou
boujier1039-1056
Kaart
Kleaster fan it Krús (Jeruzalim)
Kleaster fan it Krús

It Kleaster fan it Krús (Hebriuwsk: מנזר המצלבה‎, Georgysk: ჯვრის მონასტერი) is in eastersk-otterdoks kleaster by de wyk Nayot yn Jeruzalim, Israel. It kompleks leit yn 'e Delte fan it Kús, súdeastlik fan it Knessetgebou en eastlik fan it Israel-Museum.

Neffens de leginde soe Lot him nei't er út Sodom flechte en hy him fan syn twa dochters skieden hie, hjir taholden ha. De beam dy't Lot op it plak plante soe letter brûkt wêze om it krús fan Jezus te meitsjen.[1] In oare tradysje wol ha dat op it plak fan it kleaster de holle fan Adam begroeven is.

Loftfoto.

Der binne twa oerleverings oer de stifting fan it kleaster. Neffens de gryksk-otterdokse oerlevering soe Helena, de mem fan keizer Konstantyn, it kleaster by har besite oan it hillige lân stifte ha. De oare ferzje is dat keizer Konstantyn oan 'e earste kristlike kening fan Georgje, Mirian III, in stik grûn joech dy't dêr in earste tsjerke bouwe liet. By de Perzyske ynfaazje fan 614 waard it kleaster foar it grutste diel fernield en it rekke yn it lêst fan 'e 8e iuw ferlitten doe't Arabieren de lêste muontsen fermoarden.

It hjoeddeiske kleaster waard fan 1039 oant 1056 yn opdracht fan 'e Georgyske kening Bagrat op 'e resten fan in 5e-iuwske tsjerke boud. Yn 'e krúsfarderstiid gyng it mei it kleaster foar de wyn, it wie it sintrum fan de Georgyske mienskip yn Jeruzalim en der wennen hûnderten muontsen. Nei't de Mamelukken yn 1267 Jeruzalim yn besit namen waarden de muontsen ferballe en in moskee boud yn it kleasterkompleks. Under druk fan Konstantinopel stiene de Mamelukken it yn 1305 ta dat it kleaster wer in kristlike funksje krige.

Georgyske fresko's.

Yn 1685 moast it kleaster fanwegen skulden ferkocht wurde oan it Gryksk-otterdokse Patriargaat fan Jeruzalim. Oant de dei fan hjoed wurde in grut tal Georgyske manuskripten yn 'e bibleteek fan it kleaster bewarre.

It kleaster is as in fêsting mei hege midsiuwske muorren oanlein. Efter de swiere muorren leit in mei arkades, treppen en terassen oanlein kompleks fan ferskillende gebouwen.

Kleastertsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynterieur kleastertsjerke.

De kleastertsjerke giet op 'e 12e iuw werom, wylst de tsjerketoer barok fan styl is.

Troch de narteks kin de tsjerke yngien wurde. Oer it alter rêst in koepel op fjouwer pylders, dy't mei fresko's beskildere binne. In sulveren ring yn 'e alterromte jout oan wêr't de beam stien hat, wêrfan't it krús fan Jezus makke wêze soe. De koepel fan 'e kleastertsjerke datearret út de krúsfarderstiid en is mei âlde fresko's en mozaïken fersierd. Fan 'e oarspronklike tsjerke út de 5e iuw binne noch resten fan 'e Byzantynske flier te sjen.

Yn 'e tsjerke binne de oerbliuwsels fan 'e nasjonale dichter fan Georgje, Sjota Rûstaveli, byset, dy't hjir yn 'e 13e libbe. Op in fresko mei in foarstelling fan 'e Georgyske nasjonale hilligen Jehannes fan Damaskes en Maksimus de Belider wurdt de dichter op 'e knibbels ôfbylde.

It yn 2004 fernielde fresko.

Yn juny, likernôch in wike foar de besite fan 'e Georgyske presidint Micheil Saakasjvili oan Israel, waard it fresko fan 'e dichter Sjota Rûstaveli troch ûnbekende fandalen skeind. It gesicht fan 'e dichter mei in Georgyske ynskripsje waard weiskrast; it wie it iennige noch besteande midsiuwske ôfbyld fan 'e dichter. Soksoarte insidinten fûnen ek yn 'e jierren 1970 en 1980 yn it kleaster plak: Georgyske ynskripsjes waarden doe oerskildere en ferfongen troch Grykske. Op 'e fraach oan de Georgyske ambassadeur yn Israel oft er tocht dat de skea it wurk wie fan fertsjintwurdigers fan de Gryksk-Otterdokse Tsjerke andere Revaz Gachechiladze diplomatyk: "Ik soe it net witte. Der binne fertinkings, mar der is gjin bewiis". [2][3][4] It skeinde fresko waard op basis fan goede dokumintaasje restaurearre troch Israelyske spesjalisten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Monastery of the Cross

  1. Israel en de Palestijnse gebieten, ANWB Kunstreisgids
  2. Haaretz, 04.04.2012
  3. BBC News
  4. Haaretz, 05.07.2012