Kleaster fan Jehannes de Teolooch

Ut Wikipedy
Sint-Jehanneskleaster

Μονή Αγίου Ιωάννου του Θεολόγου

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Patmos
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 11e iuw
offisjele webside
patmosmonastery.gr

It Kleaster fan Jehannes de Teolooch (Gryksk: Μονή Αγίου Ιωάννου του Θεολόγου) is in otterdoksk kleaster op it eilân Patmos yn Grikelân. It kleaster waard neffens de oerlevering boud by it plak dêr't Jehannes, yn de tiid dat er ferballe wie, de iepenbierings krige en opskriuwe liet. It eilân is dêrom foar in soad kristenen in wichtich beafeartsplak. Sûnt 1999 stiet it kleaster ynskreaun as wrâlderfskip by UNESCO.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken de 6e en 9e iuw waard it eilân Patmos in soad oerfallen troch Arabieren. Guon fan de bewenners waarden as slaaf meinaam, oaren ferlieten it eilân, sadat it eilân tsjin de 10e iuw ûntfolke wie.[1] Mei de stifting fan it kleaster yn 1088 troch de muonts Kristodoulos, dy't fan it eilân Kos nei Patmos kaam, waard it eilân op 'e nij befolke. Foar de bou hie de muonts tastimming krige fan keizer Aleksios I Komnenos, dy't foar de oerdracht in bul mei in gouden segel opstelle liet en it kleaster frij stelde fan belestings en in ferbod ynstelde foar amtners fan de oerheid. Sa waard it eilân in lytse religieuze republyk dêr't allinne muontsen wennen.

Klokketoer

De bou fan it kleaster fûn plak op in heuvel mei de ruïne fan in oan de goadinne Artemis wijde timpel. Ien fan de blokken fan de timpel waard brûkt foar it alter fan de mei fresko's fersierde katolikon. Kristodoulos waard de earste hegumen fan it kleaster dat er stifte, mar moast it eilân ferlitte fanwegen de piraten. Hy gyng werom nei Kos, dêr't er om 1111 hinne ferstoar. It kleaster bleau lykwols bestean en de reliken fan de stifter waarden letter nei it kleaster werom brocht en yn in oan him wijde kapel byset.

It kleaster waard boud as in fort mei bastions en tuorren en om it kleaster hinne ûntstie foar de wurkers in doarp mei lân, dat letter útgroeide ta Chora. Om't piraten en Seltsjûken in bedriging foar it kleaster foarmen waard it mei mear as 15 meter hege muorren omjûn. De lingte fan de muorren binne fan noard nei súd 53 meter en fan east nei west 70 meter. Boppe de tagong is op in hichte fan meardere meters in iepening yn de muorre te sjen wêrtroch baarnende oalje, siedend hyt wetter of sels lead getten waard om tefoarren te kommen dat de fijân de poarte wisten te forsearjen. Dêrfandinne krige de poarte de bynamme "De Moardner".[2]

Kapel fan it Hillige Krús

Yn de 13e iuw foel it eilân ûnder de soevereiniteit fan it keizerryk Nisea, mar de keizers Teodoros Jehannes IV en Michael VIII respektearren alle âlde rjochten fan it kleaster. Nei't Patmos yn 1453, lykas oare Grykske eilannen, troch de Turken ferovere waard moast it kleaster skatting betelje oan de sultan. It kleaster bleau lykwols ek yn de tiid fan de Ottomaanske besetting yn gebrûk as kleaster.

Yn 1770 waard it eilân Patmos lykas oare eilannen yn de Egeyske See op de Ottomanen ferovere troch de Russyske Float ûnder leiding fan Aleksej en Fjodor Orlov. De beide bruorren ferneatigen dêr de Turkske float by Çeşme en joegen de oanset foar de Grykske striid foar de ûnôfhinklikens. Ien fan harren dolk wurdt noch bewarre yn it kleastermuseum.

Bibleteek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de bou fan it kleaster sette Kristodoulos ek útein mei de opbou fan in bibleteek. Doe't er op it eilân oankaam brocht er sels al de earste boeken foar de bibleteek mei. Tsjintwurdich bestiet de bibleteek út 3000 printe boeken, 900 manuskripten en 13000 dokuminten.

Grottsjerke

Grot fan de Apokalyos[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it kleaster is in grot, dêr't Jehannes de Teolooch de iepenbierings krige hawwe soe, dy't opskreaun waarden troch syn learling Prochorus. Yn de grot is in tsjerke en guon spoaren dêr wurde yn ferbân brocht mei it ferbliuw fan Jehannes, lykas in plak dêr't er him de holle deljoech en in stien dêr't Prochorus de fizioenen fan Jehannes opskreau. De grot is ûnderdiel fan it wrâlderfskip.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Монастырь Иоанна Богослова (Патмос)