Springe nei ynhâld

Kleaster Loccum

Ut Wikipedy
Kleaster Loccum

Kloster Loccum

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
plak Loccum
adres Kloster 2, 31547 Rehburg-Loccum
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1163 (stifting)
Measte gebouwen 13e iuwsk
boustyl Gotyk (kleastertsjerke)
offisjele webside
www.kloster-loccum.de

Kleaster Loccum (Lucca of Luca) is in eardere sistersjinzerske abdij yn de stêd Rehburg-Loccum yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De abdij naam yn de 16e iuw de troch Melanchthon opstelde Augsburgske Belidenis oan en waard doe protestantsk. It kleaster waard yn 1163 stifte en jildt as ien fan de bêst bewarre sistersjinzerske kleasters noardlik fan de Alpen.

It kleaster Loccum waard yn 1163 troch greve Wilbrand fan Hallermund stifte op it gebiet om de âlde boarch Lucca. De earste bewenners fan it nije sistersjinzerske kleaster wiene abt Ekkehard en tolve jonge muontsen, dy't ôfkomstich wiene fan it kleaster Volkenroda yn Thüringen.

Neffens in âld ferslach wie it in loco horroris et vastæ solitudinis et prædonum et latronum commorationis, in plak fan ôfgriis en in woastyn fan iensumens, dêr't dieven en rôvers wennen. De omstannichheden wiene ynearsten dreech en honger en toarst besochten de earste muontsen, mar hja setten troch en mei bodzjen brochten hja it lân yn kultuer. Tusken 1220 en 1250 waard de kleastertsjerke boud en yn 1224 waard yn Hannover in úthôf boud, it Loccumer Hôf.

Kleastre Loccum healwei de 17e iuw (Matthäus Merian)

Loccum stie ûnder de streekrjochte beskerming fan it Ryk en de Paus. It droech de titel fan in Frij Rykskleaster en fanút it kleaster Loccum waard it kleaster Reinfeld yn Holstein befolke. Oan it begjin fan de 14e iuw makke it kleaster de rykste tiid mei.

Op oantrunen fan de Welfyske lânshearen namen abt, prior en kleaster yn 1593 de lutherske lear oan. Troch it saneamde restitúsje-edikt fan 1629 yn de Tritichjierrige Kriich foel it kleaster noch ienris yn hannen foel fan de sistersjinzers. De protestantske kleasterlingen hiene foar in skoftke harren taflecht socht yn it Loccumer Hôf yn Hannover.

Mei de oergong fan it kleaster yn protestantske hannen kaam der in ein oan it tradisjonele kleasterlibben. De kleasterlingen, no lutherske predikanten dy't noch beroppen wurde moasten, libben net mear in libben lang yn earmoede, keinens en hearrigens. Sa mochten hja bygelyks boaskje, al betsjutte dat dan wol dat hja it kleaster ferlitte moasten. Ek stie it de lutherkse geastliken frij om it kleaster om oare redenen te ferlitten. It protestantske kleasterlibben hie in tydlik karakter en wie yn 'e regel gjin beslissing foar it libben.

It kleaster tsjinnet de Evangelisch-Lutherische Landeskirche Hannover as foarmingssintrum foar pastors.

Kleastergong

It âldste gebou fan it kleaster is de oan Sint-Joaris wijde stiftstsjerke, dy't noch hielendal oarspronklik is. Súdlik grinzgje oan de tsjerke de Jehannesseal (foar 1240) en de kleastergong (13e iuw). Njonken de Jehannesseal leit de âlde kapitelseal en de Benediktuskapel. Oare 13e-iuwske gebouwen oan de kleastergong binne it kalefaktoarium en it refektoarium.

Sûnt 2017 wurde de kleastergebouwen yn opdracht fan de Evangelisch-Lutherische Landeskirche Hannover restaurearre en modernisearre. Oan de eastlike fleugel fan it kleaster, dêr't mear as twa iuwen ferlyn in diel fan it kleaster ôfbrutsen waard, komt op de histoaryske plattegrûn in moderne bibleteek foar likrnôch 120.000 boeken.[1][2]

Gerhard Wolter Molanus

Yn it stiftsgebiet Loccub waarden nei de reformaasje tusken 1581 en 1661 meiïnoar 54 hekseprosessen holden. It hichtepunt foel yn de jierren 1628-1638. Meiïnoar waarden 33 feroardiele, wat meastentiids de dea troch ferbranning betsjutte. In bysûndere rol spile de protestantske pastor Heinrich Rimphoff (1622–1638), dy't út Wiedensahl kaam dêr't ek de measte oanklachten wiene, dy't yn 'e regel troch ynwenners yntsjinne waarden. Hy fermoanne yn 1647 as superyntendint de lêzers fan syn útjefte Drachen-König (Das ist: Wahrhafftige Deutliche Christliche und hochnothwendige Beschreybunge deß grawsamen hochvermaledeyten Hexen- und Zauber-Teuf) de hekserei earnst te nimmen. Rimphoff hie de namme dat er heksen op ôfstân rûke koe en krige de bynamme großer Hexenverfolger en Hexenriecher. De widdo Gesche Köllars wie de lêste heks dy't yn 1660 eksekutearre waard.

Ien fan de wichtichste abten fan it kleaster, Gerard Wolter Molan, weefde mei de hekseprosessen ôf. Hy klage dat it by de rjochtbank faak om rabberij gyng en dat minsken, mei wa't immen in skeel hie, domwei heks, tsjoender of wearwolf neamd waarden. Hy liet it net by wurden en drige dyjinge dy't immen falsk beskuldige, mei in halsizer om de nekke yn it iepenbier te pronk te setten. Syn wurden hiene effekt en oars as yn oanbuorjende gemeentes fûnen der yn Loccum gjin hekseprosessen mear plak.

Sawol de stedsried as de Evangelisch-Lutherische Landeskirche Hannover hawwe de slachtoffers fan de heksewaan sosjaal rehabilitearre. In plakette mei de nammen betinkt de slachtoffers en it kleaster jout in brosjuere út, dy't wiidweidich ynformearret oer de hekseprosessen fan Loccum. In strjitte betinkt Gesche Köllars, it lêste slachtoffer fan de prosessen[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Evangelische Zeitung, 12 novimber 2020
  2. Imke Woelk & Partner: Boutekenings bibleteek
  3. Brosjuere Kloster Loccum: Hexenwahn und Hexenprozesse im Stiftsbezirk Loccum (1581–1661)