Klaverblêd (knooppunt)
In ferkearsknooppunt yn de foarm fan in klaverblêd is in knooppunt mei in folsleine ferbining fan ûngelikense hichte tusken twa krusende autogongwegen of autowegen. De namme fan it klaverblêd komt troch syn foarm, dy't fan de loft ôf sjoen wurdt, op in klaverke fjouwer liket.
It brûken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It brûken fan in klaverblêd wurdt lykwols minder, fanwegen it beheinde ferkearsfermogen dêrfan, om't troch de ôfslach nei lofts oer in ferbiningsbôge mei in skerpe bocht fan 270° it ferkear syn faasje tige minderje moat. Ek it beheinde fermogen fan de weeffekken en de opritten dy't ticht efterinoar oan rinne binne oare neidielen.
Dêrfoaroer is in klaverblêd reedlik goedkeap om oan te lizzen en hy jout de bestjoerder de mooglikheid werom te kearen. De reden dat in klaverblêd goedkeap is, is dat der mar ien bouwurk, in fiadukt of in ûndertrochgong, nedich is.
In klaverblêd is lykwols net folslein krusingfrij. Ferkear dat bygelyks fan it suden nei it westen moat, komt earst yn in weeffek mei it ferkear dat fan it westen nei it noarden rydt, en nei de bocht yn in weeffek mei it ferkear dat fan it easten nei it suden rydt. In weeffek kin dus as in krusing fan gelikense hichte sjoen wurde. In bestjoerder hoecht net perfoarst te krusen, mar kin fierder trochride troch de folgjende lus en sadwaande keart de bestjoerder wer werom. By nijmoadrige klaverblêden wurde de weeffekken mijd troch twa fan de lussen te ferfangen troch in oergong, dy't oer de haadoergong rint. Soksoarte klaverblêden wurde in klaverturbine, in mingsel fan in turbine en in klaverblêd, neamd. Der is dan in ekstra bouwurk nedich en de mooglikheid ta it streekrjocht kearen is dêrmei dan ek weidien.
It knooppunt Frankfurter Kreuz by Frankfurt am Main yn Dútslân wie ek in klaverblêd. De ranzjearbanen waarden dêr faninoar skaat om se oerinoar hinne rinne te litten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1916 waard der yn de Feriene Steaten foar it earst patint oanfrege foar it klaverblêd. Der waard foarearst gjint boud. Goed tsien jier letter tekene Willy Sarbach út Switserlân ûnôfhinklik dêrfan in likense ûntwerp. Yn 1928 krige er it patint, mar it bouwen fan in klaverblêd duorre noch in skoftke. Mid 1920-er jierren wie de U.S. Route 1 mei 60.000 reauwen deis al in ûnbidich drokke dyk. Te ferlykjen dat op drokke diken yn de Rânestêd hjoed-de-dei 100.000 reauwen deis ride. De US-1 wie lykwols krusingfrij, mar by de drokste oanslutings stiene gauris files en barden der gauris ûngemakken. Yn 1929 waard der yn Woodbridge, Nij-Jersey, oan de US-1 it earste klaverblêd yn de wrâld yn gebrûk nommen. Untwerper Edward Delano ferklearre dat er it idee foar de oplossing krigen hie troch de manier dêr't it ferkear yn Buenos Aires, Argentynje op oanpakt waard. Dêr waard it probleem fan ferstoppe krusings oplost om it rjochtsôfslaande ferkear (yn Argentynje waard doe oan de lofterkant riden) trijeris lofts ôfslaan te litten.
Yn 1935 waard it earste klaverblêd fan Jeropa iepene yn de binnenstêd fan Stockholm, Sweden.
Yn de 1930-er jierren waard mei de nedige propaganda yn Dútslân mei it bouwen fan de Reichsautobahnen úteinset. Yn 1938 waard it klaverblêd op it Schkeuditzer Kreuz by Leipzig foltôge. Yn Nederlân waard it earste klaverblêd oanlein yn 1967 op it knooppunt Badhoevedorp by Skiphol.
Yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fryslân binne twa folsleine klaverblêden. It knooppunt It Hearrenfean hat in klaverblêd sûnt 1998 en it knooppunt Drachten hat in folslein klaverblêd sûnt it ferdûbeljen fan de Wâldwei tusken 2003 en 2008. Dêrfoar wie it in heal klaverblêd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side
|