Springe nei ynhâld

Lytse Blikfeart

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klaine Blikfaart)

De Lytse Blikfeart (Biltsk en offisjeel: Klaine Blikfaart; Nederlânsk: Kleine Blikvaart) is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart rint fan de Suderwei (N393) besuden Sint-Jabik yn súdeastlike rjochting en komt út yn it Wiersylster Rak benoarden Wier.

De namme Klaine Blikfaart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kleine Blikvaart.