Springe nei ynhâld

Klaas Pander

Ut Wikipedy
Klaas Pander
Klaas Pander (1889)
Klaas Pander (1889)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlanner
berne 7 desimber 1867
berteplak Haarlim
stoarn 22 desimber 1940
stjerplak Haarlim
wurkpaad
berop/amt Behinger
jierren aktyf 1887-1891
reden
  bekendheid
reedriden, hurdfytsen
De yn 1890 stichte Haarlimmer Fytsferiening De Damiaatjes. F.l.n.r.: H.v.d. Griendt, NN, Calkoen, Schut, Peters, Pim Mulier, Vorstman, Menten, Jan Houtman, Kees Witteveen, Jaap Eden, Klaas Pander (1890)

Klaas Pander (Haarlim, 7 desimber 1867 - dêre, 22 desimber 1940) wie in Nederlânsk hurdrider en hurdfytser.

Pake Klaas (1819 - 1897) wie de grûnlizzer fan it meubelfabryk Pander. Klaas Pander jr. wie lykas syn heit Jan behinger. Hy wie de earste Nederlânske reedrider dy't ynternasjonale súksessen behelle. Op it allerearste WK reedriden yn 1889 op de iisbaan op it Museumplein yn Amsterdam einige er as tredde efter de Rus Aleksander Pansjin en de Amerikaan Joe Donoghue. In jier letter helle er it fjirde plak op it WK oer alles 1890. It slagge him doe wol en bring twa fan de fjouwer ôfstannen op syn namme. Hy wûn de ½ mijl (mei fallen) yn 1.24,4 en de myl yn 3.06,0. Dêrmei is Pander de earste medaljewinner út de Nederlânske skiednis fan it reedriden.

Ek yn 1891 helle er it poadium fan it WK. Hy einige op alle ôfstannen as twadde efter Donaghue. Dat jier die er ek mei oan it earste EK.

Pander wie ek de earste winner fan in natueriisklassiker, in reedmaraton op natueriis: yn 1888 wie er de fluchste fan in 30 kilometer lange tocht tusken Haarlim en Leien. Hy waard winner yn 1 oere 6 minuten en 15 sekonden, goed trije minuten foar Pim Mulier.

Itselde jier ûntduts Pander in jong talint, de 15-jierrige Jaap Eden. Hy soe sa'n fiif jier syn trener wêze. Under Panders lieding makke Eden trije jier letter syn ynternasjonale debút. Yn in nekrology fan Eden yn de Nieuwe Rotterdamsche Courant út febrewaris 1925 wurdt skreaun: "En aan Klaas Pander had Eden zijn voorbeeld. In zooverre kan men zeggen dat Pander zijn leermeester is geweest."

Klaas Pander stoar yn de âldens fan 73 jier. Hy waard beïerdige op it Noarderbegraafplak te Haarlim. Sûnt 2015 wurdt yn Haarlim alle jierren de Klaas Pander Memorial ferriden.

1887-1888
  • 1e - Langeôfstânswedstriid Haarlim-Leien 1888 (30 km)
1888-1889
1889-1890
1890-1891

In tûke fan de grutte Panderfamylje festige him út Bloksyl wei yn Drachten. Ien neisiet en generaasjegenoat fan Klaas Pander wie de ferneamde byldhouwer Pier Pander (1864-1919). Ek tal fan oare Panders yn Nederlân binne besibbe oan de oarspronklike famylje Pander út Bloksyl.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: