Klaas Jans Visser
Appearance
Klaas Jans Visser (1880 - 1939) wie riedslid en direkteur fan it bûterfabryk yn Lúnbert.
Hy hat in soad foar de mienskip op 'De Streek' betsjutten. Sa stiet op it tsjerkhôf fan Lúnbert in wyt moarmeren stien mei de tekst: "Oanbean fan de forieningen út de Streek en "Zevenwouden", út tankbrens for alles hwat hij for harren dien hat". Dizze ferienings binne de Ferienings foar wurkferskaffing, de iisklub Oller, it Lêsselskip, de Boerelienbank, it Sikefûns, D.I.T.O. en de Keatsferiening. Visser wie ek in tiidlang direkteur fan de brânfersekeringsmaatskippij "Zevenwouden". Hy wie lid fan de ried fan Aenjewier fan 2 septimber 1913 oant 13 augustus 1917.