Klaas Dijkstra (pseudowittenskipper)
Klaas Dijkstra (Snits, 20 maart 1895[1] - Hilfertsom, koart foar 4 juny 1969[2]) wie in Nederlânske amateurwittenskipper en morosoof dy't hawwe woe dat de Ierde plat wie.
Dijkstra begûn om 1911 as edelsmid mei it siselearjen fan lânskippen yn koper en sulver dy't op sigaredoazen fêstset waarden. Hy hie in bedriuw yn Snits, dat yn de grutte ekonomyske krisis fan 1929 sneuvele, wêrnei't er flak foar de Twadde Wrâldkriich nei Hilfertsom ferfear.
Teory fan de Platte Ierde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dijkstra sette mei syn ûndersyk út ein yn 1931 en kaam yn 1947 mei syn konklúzje dat de Ierde plat wie[1] en hold dat út oant syn ferstjerren yn 1969. De Ierde is neffens Dijkstra in platte rûne skiif mei in opsteande râne fan iis. Dy iisrâne is neffens him itselde as wat de súdpoal neamd wurdt; as it immen slagje soe om oer dy râne te klimmen, soe er yn de rûmte falle. Dijkstra neamt de súdpoal de "sône fan de apaty", de wrâld hâldt dêr op, de loft is yl en it kompas docht it dêr net mear. De noardpoal leit yn it middelpunt fan Dijkstra's platte Ierde.
Doe't Edmund Hillary en Vivian Fuchs yn 1958 de súdpoal oerstutsen, wie Dijkstra nei't er sei ferbjustere, mar hold wol fertrouwen yn syn teory:
- 'Myn teory dat de ierde net in bol is mar in platte skiif, hat wol in knoei krigen mar leit net om. Neffens my hat Fuchs net de foarskreaune meridiaan folge en binne Fuchs en Hillary yn de breedte by inoar kommen. Hillary hat konstatearre dat er fierder fan Fuchs ôf wie as dat er tocht, want hy rekkent mei in bol, wylst it in sirkelbôge wêze moat. De ôfstân wie lykwols lytser as ik sels tocht'.[3]
Dijkstra neamde de oanhingers fan de 'teory' dat de Ierde bol is, bollandisten. Ek nei de Apollo-romteflechten yn 1968 en de foto's fan de Ierde dy't dat opsmiet woe it Dijkstra net oan:
- 'Dy trije romtefearders moatte de wrâld op syn kant sjoen hawwe, mar hja moatte der oer swije'.[4]
Yn syn boek Pleidooi voor de platte aarde seit Dijkstra sels dat er kontakt hat mei bûtenierdske wêzens.[5]
Hjoed-de-dei hat Dijkstra's teory noch oanhingers ûnder guon kreasjonisten, sa as bygelyks Ab Klein Haneveld (dy't oars ek úthâldt dat de Ierde hol is).[6]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Is de aarde rond? - uitg. De Spaarnestad, Haarlim, 1955 (mei in foarwurd fan Godfried Bomans)[7]
- Pleidooi voor de platte aarde - útj. J. Boersma, Enskede, 1963[8]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Morosofie, Dwaze wijzen en wijze dwazen in Nederland en Vlaanderen, Matthijs van Boxsel, 2001[9][10]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|