Kingmahûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De wenning oan it Fallaat 22 anno 2011

It Kingmahûs is in monumintaal pân oan de Fallaat yn Makkum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geveltop fan it pân mei klaustikken en jiertalcartouche

It gebou oan de Fallaat 22 is neffens it jiertalcartouche út 1748. De Makkumer skipper, reder, fabrikant en keapman Hylke Jans Kingma wie de opdrachtjouwer foar de bou.

Efter de gevel geane grif noch dielen fan it út de 17e-iuw datearjende wenhûs skûl. De treppenske halsgevel hat byldhoude natuerstiennen klaustikken yn in Fryske fariant fan de Loadewyk XIV-styl (sjoch detailôfbylding). Yn de sydgevel yn de Brouwerssteech sit in gevelstien mei de ôfbylding fan in boat en it jiertal 1767. Dizze stien komt, neffens Stenvert [et al.] fan in yn dizze stege steand pakhûs. It wenhûs en it pakhûs wienen beide eigendom fan de famylje Kingma. Op de souder fan it pân wie in seilmakkerij. Restauraasjes wienen der yn de jierren 1773, 1839 en yn 1952 en 1953. Yn 1951 waard Kingma's Bank yn it pân fêstige. De famylje Kingma wie ek eigender fan de neistlizzende pânen op de nûmers 20 en 18.[1]

Mei nûmer 20 is dit pân erkend as ryksmonumint. Yn 1986 kaam it Kingsmahûs oan de Fallaat 22 yn it besit fan de Stichting Monuminten Makkum en waard it brûkt as bestjoershûs fan dizze Stichting. Yn 2009 kaam it hûs troch skinking yn it besit fan de Vereniging Hendrick de Keyser.[2] It hûs wurdt troch de feriening restaurearre en krijt wer in wenfunksje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hoeve, Sytse ten - Kingmahuizen, útj. Stichting Ald Makkum, Makkum, 2006


  1. Leeuwwarder Courant d.d 26 januari 2007, side 5: Drie Kingmahuizen ‘borgelijk mooij’
  2. Bolswards Nieuwsblad d.d. 17 maart 2010, side 25: Kerkscheepje voor jubilerende Doniakerk