Springe nei ynhâld

Khatia Buniatishvili

Ut Wikipedy
Khatia Buniatishvili
Khatia Buniatishvili yn 2008
Khatia Buniatishvili yn 2008
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Georgysk
Frânsk
berne 21 juny 1987
berteplak Batoemi
wurkpaad
berop/amt muzikant
aktyf as pianiste
offisjele webside
IMDb-profyl
Profyl by allmusic.com
Offisjeel webstee

Khatia Buniatishvili, Georgysk: ხატია ბუნიათიშვილი, transliteraasje: "Chatia Bûniatisjvili", (Batoemi, 21 juny 1987) is in yn Georgië berne Frânske pianiste fan joadsk komôf.

Khatia Buniatishvili yn 2014

Khatia Buniatishvili begûn doe't hja trije jier wie piano te studearjen by har mem. Se joech har earste konsert mei it Keamerorkest fan Tbilisi doe't se 6 wie en trede ynternasjonaal op doe't se 10 jier wie. Se studearre yn Tbilisi by Tengiz Amiredjibi en yn Wenen by Oleg Maisenberg oan de Universiteit foar Muzyk en Utfierende Keunsten yn Wenen. Har âldere suster, Gvantsa Buniatishvili is ek pianiste en hja hawwe by withoefolle gelegenheden tegearre spile.

Buniatishvili tekene yn 2010 by Sony Classical in kontrakt as eksklusive artyst. Har debútalbum út 2011 befette Liszt syn Sonate yn B minor, Liebestraum No. 3 en Mephisto Waltz No. 1

Buniatishvili besiket geregeldwei it Verbier Festival, en sy fertolke Liszts Sonate yn B minor op it festival fan 2011.

Yn 2012 brocht Buniatishvili har twadde album út, Chopin, dat sawol solopianowurken as Chopin syn Pianokonsert Nû. 2 in F minor befette, begelaat troch it Orchestre de Paris en Paavo Järvi. The Guardian skreau: " Dit is rjocht út it hert spylen fan ien fan de meast opwinende en technysk bejeftige jonge pianisten fan no "

  • 2011 – Franz Liszt, solo piano album (Sony Classical)
  • 2012 – Chopin, mei it Orkest fan Parys, dirigearre troch Paavo Järvi (Sony Classical)
  • 2014 – Motherland, solo piano album (Sony Classical)
  • 2016 – Kaleidoscope, solo piano album (Sony Classical)
  • 2016 – Liszt Beethoven, mei it Israelysk Filharmonysk Orkest, dirigearre troch Zubin Mehta (Sony Classical)
  • 2017 – Rachmaninoff, mei it Tsjechysk Filharmonysk, dirigearre troch Paavo Järvi (Sony Classical)
  • 2019 – Schubert, solo piano album (Sony Classical)
  • 2020 – Labyrinth, solo piano album (Sony Classical)