Kees van der Hoef-priis
Appearance
De Kees van der Hoef-priis is in Grinzer literêre priis.
De priis fan € 250 en (oant en mei 2016) in pûn iel wurdt jierliks útrikt oan in persoan of ynstelling dy't in soad betsjut hat foar it literêre klimaat yn de stêd Grins. De priis waard útrikt op 3 jannewaris, de jierdei fan Kees van der Hoef, mar sûnt 2015 bart dit op Gedichtedei.
Kees van der Hoef ûntfong yn 2008, op inisjatyf fan Bart FM Droog, as earste de priis út hannen fan de wethâlder fan kultuer Jaap Dijkstra. Nei 2016 wurdt de priis alle twa jierren útrikt[1]
Iel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It pûn iel (paling) ferwiist nei Kees syn fersregel: De kracht van de herhaling is gelijk aan een spastische paling. Dat part fan de priis bestiet oars sûnt 2018 net mear mei't de iel der net bêst foar stiet.
Priiswinners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2008 - Kees van der Hoef
- 2009 - Tsead Bruinja (betinker fan Dichters yn de Prinsetún)
- 2010 - Coen Peppelenbos
- 2011-2014 - net útrikt
- 2015 - kafee Marleen (Marleen Vermooten en Jan Strikwerda) (û.o. Dichtklup)
- 2016 - Stichting Poëzypaleis
- 2018 - Anton Scheepstra (Utjouwerij Passage)
- 2019 - Kees van der Hoef Earepriis (foar ien kear): Anton Brand
- 2020 - Flanor (Grinzer studinteferiening)
- 2022 - Boekhannel Godert Walter [2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|